Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
11
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
11 datasets found
Dutch Keywords: meisje Place of Narration: De Westereen
Wy gongen as fammen wol nei de wiersizter. Dat wie de widdou Plantinga. Wy moesten in dûbeltsje jaen om de takomst to fornimmen. Hja koe kopkekike. Hja seach yn 't kofjedik. Hja sei: Dat acht je net, Dat foracht je net En dat ûntgiet je net. Dêr is in swarte jonge, dêr is in blonde jonge, dêr komt in brief. Froeger op Ljouwerter Merke wie in tinte, dêr...
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. In nachtmerje kom by de lju yn 'e nacht yn 'e hûs en gong dan by ien op 't boarst sitten. Dan krige dyselde 't binaud. Guon gongen hinne en struiden moal; as de nachtmerje dat oan har hie, koe se net fuortkomme. Se kommen ek by de hynders. Dy dieren bigounen dan to switten fan binaudens. De oare...
Der wie in fanke, dat wenne as húshâldster by in heit mei in soan. Dy soan wie net ien fan 'e gochumsten, mar der siet wol aerdich hwat jild, dat doe't hy har frege of se mei him trouwe woe, sei se net fan né. Op 't lêst doe trouden se dan. Mar de jonge rekke har noait oan. Dat bigoun har to forfelen, hja woe wolris hwat. Doe tocht se:ik mat mar ris mei...
Der wie ek in faem yn Twizelerheide, dy hie forkearing. Mar doe makke hja it út mei dy feint, hwant dy bidondere har. Doe sei dy feint: "Ik sil meitsje datstû noait wer forkearing krigeste." Doe struide er it praetsje roun, dat, as er snein-to-jouns by har kom, dan lei der altyd in pânse njonken him op 'e stoel; hjasels wie der dan op út om to tsjoenen....
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing. It fanke wie tige sinnich. Hja woe wol in man ha, mar dêr moest neat oan dy man mankeare. Hy moest kant fan liif en lea wêze en soun nei lichum en geast. Hja hie al forskate feinten hawn, mar 't bisloech noait goed. Der mankearde neffens har altyd hwat oan. As it oan trouwen ta wie dan moest dy feint...
As in faem de hoasbannen krúst foar 't bêd leit, dan komt har takomstige man foar 't bêd to stean. Dan kin hja sjen mei hwa't hja trout. In nicht fan my fan 'e Sânbulten hat it dien. It is krekt sa útkom.
Der wie in baron, dy naem in feintsje. Dat feintsje krige in eechje op syn dochter. Dy dochter lei op in kear to sliepen ûnder in beam yn 't hôf. 't Wie in gleon-hite dei en se hie de skelk oer de holle slein om har gesicht to biskermjen tsjin 'e sinne. Dat feintsje sjocht har dêr lizzen. Hy giet nei har ta, hy docht de skelk foar de holle wei en jowt har...
Hjir wenne froeger Kije Kik. Dat wie in kaertlizter. De dochter die it ek wol. Sy seach ek wol yn 'e kofje. Alde Klare wie ek kaertlizter. Mar hwat dy sei dat kom lang altyd net út. Der wie us in âldman - âlde Haize - dy hie forkearing mei in jongfaem. Sels wied er widner. Hy gong nei Klare ta om de takomst gewaer to wurden. Dêr is noch in rymke fan:...
Der wienen in jonkje en in famke, dy hienen net in mem mear. Har heit wie wer troud en nou bihandele dy styfmem de beide bern o sa min. Op in kear krige it jonkje in kantsje fan har mei. Dêr moest er oalje yn helje. Mar hy moest foaral goed oppasse dat it kantsje net briek, sei se. It jonkje gong mei it famke op stap om oalje. Underweis sei 't famke: "O...
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
11