Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in pipejoad, dy wenne yn Amsterdam. Hy kom alle freden yn Ljouwert. Dan stie er mei in diske mei pipen op 'e merk. Dy joad wie 74 jier. Doe kom der ris in âld mantsje by him om in pipe. "Je bent ook al oud, ouwe baas", sei de joad tsjin him. "Ja," sei dat mantsje, "mei in pear dagen wurd ik 84." "Dat word ik ook, als ik gezond blijf", sei de joad....
Heit fortelde, op 'e merken hienen se froeger swarte spegels. Dy't yn sa'n spegel seach krige 't wiif to sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
Tseard van Dekken wie us in kear op Hamstermerke. Doe stuts er ien hiel bot de gek oan. Dat wie Imke de Jong.
Doe liet Imke de Jong him stean. Dat hat wol in healûre duorre. Al dy tiid koe Tseard net fan 't plak komme.
Tseard wie doe plysje.
Harkema
Imke de Jong wie ris op 'e merke yn Droegeham. De plysje dêr, Tseard van Dekken, pleage him. Hy leaude net yn 'e kunsten fan Imke. Hy sei tsjin Imke: "Astû my fêst sette wolste, mast it mar prebearje, ik jow dy frij. Dû kinst it dochs net dwaen." En hy lake Imke út. Doe hat Imke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant út. Imke de Jong is op de...
Harkema
Ymke de Jong wie ris op Hamstermerke. Dêr hat er de plysje Tseard van Dekken stean litten.
Under tsjinst hat er dat ek ris dien mei in luitnant. Dy hie him útmakke. "Luitenant, sta stil", sei er. Doe hie dy luitenant net in foet mear forsette kind.
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
Imke de Jong hat yndertiid op Hamster merke de plysje Tseard van Dekken alris in skoft stil stean litten.
Tseard van Dekken swetste en swearde wakker op Hamster merke.
"Hwat soestû mei dyn kunsten?" sei er tsjin Imke de Jong.
Mar Imke liet him samar stean. Doe koed er net fan 't plak komme.
Froeger wie 't faek de gewoante, dat men op merken nei de swarte spegel ta gong. Dan krige men it frommes to sjen, dêr't men mei trouwe soe. Of men krige in deakiste to sjen. Dan troude men net. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út.
Harkema
Imke de Jong wie op Hamster Merke. Dêr wie Tseard van Dekken ek, dy wie doe plysje. Dy stuts Imke de Jong de gek oan, mar Imke nom wraek. Hy liet Tseard stean, dy koe net in stap mear gean. Doe sei Tseard op it lêst: "Dû hast my hjir delset, mar hwannear litst my wer gean?" "Dû hast my de gek oanstutsen, dat silst aenst wol gewaer wurde", sei Imke. Mar 't...
Knjillis Praamstra fan 'e Harkema wie us in kear op Drachtstermerke. Doe seinen se tsjin him: "Ast wite wolste mei hwa st' trouwe silste, dan kinst har to sjen krije." Doe gong er in tinte yn. Dêr wie in swarte spegel yn. Doe seach er dêr in frommes yn dy spegel. 't Wie in donker frommes, dêr is er ek mei troud. Ik ha har wol kend. As der gjin faem yn 'e...
Imke de Jong hat wol by ús yn skoalle west, yn de Ham. Wy wienen deabinaud foar him. Wy moesten allegear in sint meinimme, mar ik mocht net in sint ha, dat mocht ús net barre. Der wienen nòch trije bern, dy't net in sint hienen. Doe woarden wy mei ús fjouweren der útstjûrd. Mar doe gongen wy bûten foar 't glês stean. Imke hie de knop fan in stoel op 'e...
Tseard van Dekken, de plysje wie op in kear mounich tsjin Ymke de Jong, doe't dy op Hamster merk kom. Doe liet Ymke him stean en sei: Mast my earst smeke, earder komstû hjir net wer wei. Tseard prebearre fuort to kommen, mar hy moest stean bliuwe dêr't er stie. Doe sei er tsjin Ymke: Hoe lang duorret dit noch? Ik kin dy hjir altyd wol stean litte, sei...
Harkema