Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
(Yn Ljouwert makke in man in boat by him thús op 'e souder. Doe't er klear wie, doe koe hy der noait út. It hiele dak moest fan 't hûs naem wurde. Dat is echt gebeurd.)
Der wienen in man en in frou, dy hienen in jonkje, dat wie siik. Se tochten dat it bern de mûzels hie. Se hellen de dokter der by. Der wienen altyd katten by har om 'e doar en dy fleagen by de glêzen op. Op in kear, doe wie der in man yn 'e keamer, doe lei der in kat op 'e diwan. Dy woe der net út, hy blaesde mar. De jouns kom der ien fan 'e jonges thús....
Hjir wennen twa mannen, dy koenen allebeide omraek fortelle. De iene sei der altyd achteroan: Dy't it it lêst forteld hat leeft noch.
En de oare sei der achteroan: En ze hebben bij de glazen opgescheten en 't was dag.
Op in dei wie der in man, dy hie in lapke foar 't iene eech. Dy man kom ien mei in buchel tsjin. Hy sei tsjin him:
"Zeg bultenaar, kun je mij ook zeggen hoe laat het is?"
Doe sei dy mei de buchel: "'t Is nog vroeg in de morgen, want het ene vensterluik zit nog dicht."
Der wienen in man en in frou, dy krigen trije kearen achter elkoar in jonge. De earste wie in readen-ien, de twadde wie in blonden, en de trêdde in witen. De man seach dêr hiel nuver tsjin oan. Hwant hy en syn wiif wienen tige donker, omtrint swart. Hoe koenen nou dy trije jonges sok hier ha. Hy krige mear en mear argwaen en bigoun der oan to twiveljen of...
Der wie in man, dy fielde him net goed. Hy hie lêst, sei er, dat gong omheech en omleech, dan hie er it wer boven yn 't lichum en dan wer ûnder yn 't lichum. Hy gong nei de dokter ta. Dy ûndersocht him en doe sei er: "Ik kin neat fine. Jo matte oer fjirtsjin dagen mar ris wer komme en dan matte jo jou wetter meinimme." Dat die dy man. Doe't de dokter dat...
Der wie froeger in man, fortelde ús mem, ik leau dat dy Klaes Kunst hiet. Dy hie op in kear de mage oer de line. Dy hie er útspield. Doe kom der krekt in houn oan en dy naeide mei syn mage út. Mar hy hat him wer to pakken krige. En hy krige him der èk wer yn.
Myn nicht wenne op Terschelling. Dy seach ris yn 'e nacht dat in man by de treppen op gong en by har bêd stean gong. Doe gong er wer by de trap del en gong op 'e kachel sitten.
Dat seach hja wylst hja op bêd lei. 't Wie net in droom.
Mar dy man wie in spoek, ien dy't al stoarn wie.
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing. It fanke wie tige sinnich. Hja woe wol in man ha, mar dêr moest neat oan dy man mankeare. Hy moest kant fan liif en lea wêze en soun nei lichum en geast. Hja hie al forskate feinten hawn, mar 't bisloech noait goed. Der mankearde neffens har altyd hwat oan. As it oan trouwen ta wie dan moest dy feint...
As in faem de hoasbannen krúst foar 't bêd leit, dan komt har takomstige man foar 't bêd to stean. Dan kin hja sjen mei hwa't hja trout.
In nicht fan my fan 'e Sânbulten hat it dien. It is krekt sa útkom.
De Westereen
In nachtmerje hat ien kear nei my ta sild. Ik wie doe noch in jonge. Ik lei op bêd, 't wie nacht. 't Wie in man op in hynder, dy't lyk op my ta kaem. Ik wie deabinaud, mar koe net roppe.
Ik haw ris op in winter yn 'e Falom nei de froulju west. Doe't ik weromkaem snijde it omraek. Ik siet foaroer op 'e fyts mei de earmen oer 't stjûr. Sa ried ik de kant nei de Westerein út. Doe kaem dêr in frommeske oan, dy roun of sweefde tusken de tramrails. Ik seach har net earder as doe't se neist my wie. Ik seach oars neat as in ruten bloeske en se...
Sterke Hearke wenne hjir yn 'e Westerein. (Er zijn blijkbaar twee St. Hearkes geweest A.A.J.). It wie in greate, grouwe keardel. Hy leefde yn dizze ieu. As der swiere beamstammen fordroegen wurde moesten, hellen se him derby.
Jan en Tryn soenen der togearre op út to iten op in joun. Hja soenen ek by dy minsken oernachtsje. Tryn iet altyd to folle, mar hja praetten ûnderweis togearre ôf, as it foech joech mei iten op to hâlden, dan soe Jan har op 'e foet traepje. Mar doe siet dêr in houn ûnder 'e tafel. Tryn wie noch mar krekt oan 't iten of dy houn trape har op 'e foet. Tryn...
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
De Westereen
Ruerd wie de man fan Jantsje. Ruerd ha se deatsjoend. Doe't er dea wie, ha se syn kessen iepenmakke. Doe sieten dêr trije folsleine krânsen yn. Hie de trêdde krans noch net klear west, dan hie Ruerd noch to redden west.
De Westereen
Ik was op de weg.
Het was een weg
en het was geen weg.
Daar kwam ik een man tegen.
Het was een man
en het was geen man.
('t wie in paed oer 't iis, dêr't er in pryster tsjin kaem)
De Westereen
Der wie in man, dy kaem op in joun by in boer en frege of er dêr dy nachts ek sliepe koe. Dat mocht wol en doe frege dy man ek of er hwat iten fan 'e boer krije koe. De boer sei: "Der is noch wol hwat iten, mar ik wyt net of dat genôch is." Doe brocht de boer him dat iten en doe't de man it op hie, frege de boer: "Ha jo genôch hawn?" "Och boer," sei de...
Der wienen in man en in frou, dy soenen op in joun to praten en dan in nacht oerbliuwe. Se soenen dêr de jouns ek mei waerm ite. De man koe geweldich ite. Hy rekke noait sêd. Doe sei de frou tsjin him: As it iten aenst op tafel komt mastû net tofolle nei binnen slaen, hear. As ik dy op 'e foet traepje mast ophâlde fan iten. De man biloofde dat en sy...
Der wie in man yn 'e Westerein, dy syn frou kaem to forstjerren. Hja liet him bilove, dat hy moest goed op har klean passe as hja dea wie. Mar dat hat er net dien. Doe kaem er op in kear thús fan 't wurk, doe seinen de bern: "Us mem hat hjir hjoed west." Mar dat woe dy man net leauwe. Mar it gebeurde al ris wer, en letter nochris. En doe sei syn buorman,...