Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
In minske mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin 't gebeure dat er oan kant set wurdt.
Ik haw ris hwat nuvers bileefd. Ik wie boerearbeider yn Feankleaster, by Sikke Oostenbrug. 't Wie yn 'e simmer, de moarns om in ûre of fjouwer. It wie al ljocht. Ik ried op 'e fyts nei de boer ta. 'k Ried op 'e rjochter kant. Doe waerd ik samar ynienen mei fyts en al oan kant set. Doe ried ik oan 'e linkerkant. Hwat dat west hat, wit ik hjoed-de-dei nòch...
De Westereen
Us mem sei altyd: tink der om, rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinst in stomp fan in lykstaesje krije.
De Westereen
It is hjir wolris gebeurd dat der ien by nacht oan kant set waerd, as der in lykstaesje passearde, sûnder dat dyselde hwat seach. Men mat dêrom by nacht noait op it midden fan 'e wei rinne.
De Westereen
Men moat by nacht noait midden oer de wei rinne. It is faek gebeurd dat ien dan in stomp krige fan in lykwein, dy't passearde. Men mat nachts altyd rûmte jaen op 'e wei. Men kin noait witte of der soms in lykstaesje yn oantocht is, dy't men net sjocht.
De Westereen
Men mat jouns noait midden op 'e wei rinne.
Hwant komt men in lykstaesje tsjin, dan wurdt men oan kant reage. Ek gebeurde it wol, dat men foar by de lykwein oproan. Dat fornaem men oan 'e foarkant net, mar achter wòl. Dêr foel men der dan by del.