Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
6
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
6 datasets found
Dutch Keywords: knecht Place of Narration: Garyp
Der wie in boerefeint, dy moest mei de kou nei de bolle ta. 't Wie yn 'e ûngetiid en de boeren hienen 't allegear allike drok. De bollehâlder sei: "Ik sil dy fuort mar helpe, hwant de boer sil wol hastich wêze." "Ja," sei de jonge, "de boer is wol hastich, mar ik net. Hwant de loft is noch swart fan dagen."
Letter kaem er by de snider. De snider moest der op út. Hy sei tsjin Ulespegel: "Wylst mastû de mouwen der yn smite." Ulespegel smiet de hiele dei troch om sa de mouwen yn 'e earmsgatten to krijen, en doe't syn baes weromkaem wie er noch drok oan 't smiten.
Ulespegel wie by de bakker. De bakker hiet him, hy moest it moal seve, de simmels moesten der út. It ûnrant moest er allegear bûtendoar goaije. Doe gong Ulespegel hinne en seefde it moal bûten it iepen raem en smiet de simmels fuort.
Der wie in boer, dy hie in ûngetider. 't Wie yn 't allerdrokst fan 'e tiid, der skeaten hannen tokoart. De ûngetider tocht: ik sil ris in loopke nimme mei de boer. Dêr kaem in wite kat oanrinnen. Doe sei dy ûngetider tsjin 'e boer: "Sjoch, dêr rint in swarte kat hinne." De boer sei: "Welné keardel, dat is in witen, dat is net in swarte kat." De ûngetider...
Der wie in boer, dy hie in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint waerd âlder en kaem sa nou en dan jouns al ris hwat letter thús. De greatfeint koe altyd krekt sizze hwat mokkel er by de kont hawn hie. Dan rûkte de greatfeint de finger fan 'e lytsfeint en dan sei er b.g.: dû hast by Jantsje west. De oare deis wie 't wer itselde. De greatfeint wist it...
Der wie in boer, dy wenne op in pleats fan 'e roomske tsjerke. Dêr wie in greate tún by mei in great hôf en de pastoar moest elk jier in diel fan 'e prûmen ha. De pastoar wie hwat oan 'e bihâldende kant. Doe't de prûmen ryp wienen, waerd de lytsfeint mei in moai frachtsje nei de pastoar ta stjûrd. Doe't er by de pastoar kaem, sei er: "Hjir binne de prûmen...
6