Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
De tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Dêr sieten allegear triedsjes yn forwurke. Al dy soarten jern wienen yn 'e hûs. As de krânsen út it kessen wei wienen, wie de macht fan 'e tsjoenster forbrutsen.
As men in apel fan in tsjoenster oannaem en dy iet men op, dan krige men in pod yn 'e mage.
Trape men op in pod, dan woarde it swier waer mei tonger.
Tsjoensters foroarje har yn in kat.
As de tsjoenster it hûs forliet, liet se faek in pânse achter. Dat wie algemien bikend.
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Wopke om in drankje. Dat drankje mochten se oan net ien sjen litte, dêr mochten gjin fremde egen oer gean. Dan woarde alles ticht makke yn 'e hûs, alle kieren en alle lytse gatsjes. En dan woarden der spjelden en nuddels yn in panne dien - fan elk in ûneven tal - en dy moesten dan yn wetter siede. Hwa't dan de oare...
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
It wie hjir froeger allegear foartsjirmerij. Oeral hearden se fan to foaren timmerjen op plakken dêr't letter huzen kamen to stean en it gebeurde ek wol dat se seinen: dat of dat hûs mat nochris opbarne. Wy ha 't al barnen sjoen.
De Westereen
It gebeurde hjir wol faek, dat minsken seinen: dêr komt skielk in hûs, hwant wy ha 't hjir yn 'e nacht wit hoe faek timmerjen heard.
(Yn Ljouwert makke in man in boat by him thús op 'e souder. Doe't er klear wie, doe koe hy der noait út. It hiele dak moest fan 't hûs naem wurde. Dat is echt gebeurd.)
As de kat him wasket komt der bisite.
As er him achter 't ear wasket komt der in fremden op bisite. As eksters by hûs skatterje komt der in deaden.
Yn Twizel hie ik in omke en in muoike to wenjen. Omke waerd siik. Doe kamen der swarte fûgels op it dak. Doe is omke ridlik gau dêrnei stoarn. Dy swarte fûgels wienen de boaden fan 'e dea.
Komme der swarte roeken op it hiem, dan bitsjut dat dat der ien stjerre sil.
Skatterje der eksters ticht by 't hûs dan stjert der ek gau ien.
As op in bigraffenis de klok klept komt der ek mei gauwens in deade.
As der op moandei ien opdroegen wurdt, dan folget der hiel gau wer ien. Dat haw ik faek meimakke.
De Westereen
In nachtmerje komt troch it kaeisgat yn 'e hûs. Heit hearde de nachtmerje altyd wol oankommen.
De minsken struiden moal op 't gesicht. As de nachtmerjes dan kamen, koenen se net wer fuortkomme.
De Westereen
Ik haw ris nei Wopke Minke fan Kûkherne ta west om medsinen. Ik krige in drankje fan har mei. Hja sei, ik moest fral tige op dat drankje passe ûnderweis, hwant der koe wolris in houn by my opspringe dy't it drankje stikken ha woe. Mar der is my neat oerkaem mei dat drankje. It wie sa, myn wiif wie siik. Hja koe net gean fan 'e pine. Doe seinen de buorlju...
De Westereen
Tsjoensters hienen je froeger oeral. Yn Kollumersweach wienen ek guon. Hja makken krânsen yn 'e bêdden dêr't de minsken op sliepten. Dy moesten der úthelle wurde, oars kom 't forkeard. Meastal wienen it lytse bern dy't bitsjoend woarden. Wie dat it gefal, dan gongen se faek nei Wopke fan Kûkherne. Dy moest de bern dan wer better meitsje. Meastal joech er...
De Westereen
Frijmetselers wienen guon dy wienen oan 'e duvel forkocht. De duvel krige har siele letter. As se gjin jild mear hienen hongen se de lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. Dan siet dy in skoft letter fol jild. Om 'e sawn jier timmeren se oan har hûs, dat se noait ôfmakken. Se timmeren altyd om 'e sinne hinne. Wienen jo ienkear frijmetseler dan koenen jo net...
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild.
Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dy wie ek o sa sterk. Hja wenne njonken 'e smid. Op in kear, doe pleage dy smid har. Doe tocht se: "'k Sil dy wol ha." Hja pakte it ambyld en brocht dat achter hûs. De smid mei noch twa oaren prebearren it wer nei de smederij to sjouwen, mar se koenen it mei har trijen net rêdde. Doe sei de smid: "Ik...
Yn Sweagerbosk wenne in tsjoenster. 't Wie in âld minske, hwat miswoechsen. Hja roun altyd itselde paed del fan 'e Suderstasjonswei nei de Sweagerbosk. Dat wie doe yn myn jongestiid noch in sânpaed. As wy út skoalle kamen en wy moesten har foarby, dan setten wy altyd mei de klomp in krús oer 't paed. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr kin se net oer komme." Hja...
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje. Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne.
Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.
De Westereen