Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
8 datasets found
Dutch Keywords: horen Place of Narration: Garyp
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Trije Poepen soenen nei Fryslân ta. Doe't se oer de grins wienen, seinen se tsjin elkoar: "Wy wolle de Fryske tael leare." Doe kommen se in man tsjin mei in jonge. Dy jonge sei tsjin syn heit: "Sjoch heit, trije poepen." De iene poep sei: "Dat zal ik onthouden: trije poepen." In eintsje fierder siet in faem ûnder in kou to melken. Sy treau dy kou hwat oan...
As heit nei in forgadering wie, gebeurde it soms dat mem nei in skoft sei: ik hear heit al praten, hy is op komst. Mar dan wie hy der net. Efkes letter kaem er.
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
Yn Garyp ha guon al us út 'e feart in stim heard: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
Wy wennen froeger yn Aldegea oan 'e wei. Achter ús wie in klearmakker. As wy jouns yn 'e hûs sieten, hearden wy de lûden fan molkbussen, dy't se delsetten en legen. En wy hearden de lûden fan in pomp. Doe wie dêr noch neat. Mar letter kom op datselde plak in molkfabryk. Dêr brûkten se earst in hânpomp, letter gong it allegear masinael.
8