Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
24
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
24 datasets found
Dutch Keywords: horen Place of Narration: De Westereen
Omke hearde ek psalmsjongen yn 'e loft. Dat wie de foarboade fan 'e radio en de t.v.
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
It wie hjir froeger allegear foartsjirmerij. Oeral hearden se fan to foaren timmerjen op plakken dêr't letter huzen kamen to stean en it gebeurde ek wol dat se seinen: dat of dat hûs mat nochris opbarne. Wy ha 't al barnen sjoen.
It gebeurde hjir wol faek, dat minsken seinen: dêr komt skielk in hûs, hwant wy ha 't hjir yn 'e nacht wit hoe faek timmerjen heard.
In nachtmerje komt troch it kaeisgat yn 'e hûs. Heit hearde de nachtmerje altyd wol oankommen. De minsken struiden moal op 't gesicht. As de nachtmerjes dan kamen, koenen se net wer fuortkomme.
Hjir yn 'e Westerein wennen froeger minsken dy hearden de lûden fan 'e trein by nacht al, foardat der noch in trein ried.
Yn 'e Westerein wenne in meester. 't Wie yn 'e winter en hy sei: "Ik wol even in eintsje ride op redens." Mar hy is by de Kûkhernster brêge fordronken. De minsken hienen dêr fan tofoaren al gejammer heard. It lei dêr by de brêge iepen.
Ik hear by de 'Heiligen der laatste dagen'. Wy wennen yn in hûs, dêr siet gâns rûmte yn. Dêr hat in winkel yn west. Op in nacht sei 'k tsjin ús mem: "Mat mem ris hearre, sa moai binne se oan 't sjongen." It wie flakby. Sahwat twa jier letter waerden der yn 'e keamer fan ús hûs byienkomsten hâlden fan 'e 'Heiligen der laatste dagen'. By dy byienkomsten...
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, dan forgaderen se soms. Dan raesden se sa bot, dat men it wit hoe fier hearre koe. Dêr wienen Minne Ael en Minne Brecht ek altyd by.
As ien stoarn is mat men der fral om tinke, dat it bierkleed net to lang is. It is ris gebeurd dat ien werom kaem by de famylje to spûkjen. Dan rôp er al mar: To lang - to lang. Doe seinen se op in kear: "Skuor der dan in stik ôf." En doe hearden se dúdlik dat der hwat skuord waerd. Doe hat dyselde der net wer west.
Alde Hanne fan 'e Westerein wie der altyd op út om katten to fangen. Dy strûpte er dan, en de fellen forkocht er. 't Wie in kattefanger. Sa kom er op in kear by in hûs, dêr sieten in stik-of hwat katten by elkoar yn in beam. Hanne soe se der út slaen. Mar doe bigounen dy katten to psalmsjongen. Doe waerd Hanne bang en naeide út. It wienen tsjoensters, dy...
Tsjip en Neeltsje wennen yn 'e Westerin. Tsjip woarde siik. Doe hearden de minsken dat der hyltyd in gelút út 'e sleat wei kaem. Net ien wist hwat dat wie. Alle jounen wie dat gelút dêr. En dochs wie der neat to sjen. Tsjip hie twa jonges: Wytse en Anne. Dy rekken nei Dútslân ta to werken. De âld man syn sykte woarde slimmer. Doe't de beide soannen...
Ik wie noch in famke. Doe woarden ús mem en ik op in nacht klear wekker. Wy hearden beide ús buorfrou roppen: "Myn leave pop! Myn leave pop!" Sy jammere it út. It lûd kaem by de feart wei. Wy makken gau dat wy der ôf kamen en doe gongen wy nei it hûs fan buorfrou ta om to sjen hwat der oan skeelde. Mar dêr wie neat to rêdden: buorfou lei moai to sliepen....
It is jierren lyn gebeurd, dat de buorlju hjir yn 'e Westerein my jammerjen hearden. It lûd wie achter út it lân wei kaem. Doe't se my fregen hwat der oan skeelde, sei ik: "Ik ha dêr noait achter yn 't lân west en ik haw noait jammere." En dochs hâldden se fol, dat it myn lûd west hie. Sa'n fjouwer wiken letter woarden der twa fan myn famkes siik. Se...
Foartjirmerij wie hjir in hiele protte froeger. Men hearde timmerjen yn 'e nacht, dan kom dêr letter in hûs to stean. Men seach in hûs yn 'e brân, dat brânde dan pas letter op. Men hearde om help roppen yn it wetter. Letter fordronk der ien op dat plak.
't Gebeurde ek wol op guon pleatsen, dat der de nachts tsjerne woarde sûnder dat der in hynder foar de tsjerne roan. Dat wie dan foartjirmerije.
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit. Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter....
Op 'e Lange loane yn 'e Westerein - nou Verlengde Stationsstraat - hearde ik ris op in nacht om in ûre of ien hinne timmerjen. Ik woe der mear fan witte en bleau stean. Doe bleau it stil. Doe't ik fierder stapte bigong it wer. Stie 'k wer stil dan wie 't wer oer. Doe't ik de kant út gong dêr't it lûd wei kom wie dêr neat to sjen. Letter binne dêr...
It gebeurt faek dat ik 'folk' roppen hear. Dan tink ik: Der komt aenst ek ien. En dat giet altyd troch.
24