Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
20
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
20 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Garyp
Douwe Baeije (de frou fan Douwe v.d. Meer) wie in tsjoenster. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens, dêr't de lytse bern op slepten. Hie se dêr trije folle krânsen yn, dan gyng it bern dea. De âlders gongen nei de duvelbander ta, dy rêdde der fierder mei.
Piter Poes wie duvelbander op Sumarreheide. Kamen der minsken by him dy't thús lêst hienen fan tsjoenderije, dan sei Piter Poes: "Ik hie jim al forwachte." Dan gong er mei dy minsken mei. In tsjoenster, seinen se, koe har foroarje yn in kat. Se koe ek op in biezemstôk troch de loft fleane.
In nachtmerje wie in frommes. Ien fan 'e sawn dochters wie in nachtmerje. Hja koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Hja kaem ek wol by de hynders. Dan bigounen dy bot to skoppen. De nachtmerje makke flechtsjes yn 'e moanjes.
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht. Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
Alde Baeije fan Sumarreheide roan mei de bolkoer. Sy seinen dat it in tsjoenster wie.
De nachtmerjes kommen wol by de hynders. Dan flochten se flechten yn 'e moanjes.
Ik wie us oan 't meanen by 't Suwâldster paed. It waer wie brodzich en 't wie hwat near en dizich. It reinde en ik siet to skûljen achter in sket. Dêr foel ik yn 'e sliep. Doe't ik wekker woarde hie ik de jas om 'e hals hinne. Dêr siet er fêst. 'k Soe him nei boven útlûke, mar 't woe noait. Ik switte der op 't lêst fan, noait koe ik dy jas los krije. Ik...
Sjoerd en Ael (Sjoerd potskipper) fan Sumar hienen in berntsje, dat wie noait rjocht goed. It bern hie in krâns yn 't kessen en doe wie 't wol dúdlik, dat der forkeard spul yn 't wurk wie. Sy fortochten in âld bolkoerrinster der fan, dat dy it bern bitsjoend hie. Dy frege altyd hoe't it mei it berntsje wie. Op in kear, doe kom se der wer oan. Sy sei: "Hoe...
As men froeger in apel fan in tsjoenster krige, dan moest men hinnegean en liz dy apel yn in panne en set dy panne op 't fjûr. Dan kom de tsjoenster om 'e glêzen. Biwarre men de apel yn in sluten ding dan wie de apel de oare deis in kikkert of in pod.
Melle Paulus Fennema fan Sumarreheide fortelde, by de Burgermar wie jouns in fjûr oan, dêr sieten altyd in stik of hwat katten omhinne. Doe gongen dêr us twa man fan Sumar op ôf. De iene wie Sybren Jelles. Dy woenen der mear fan wite. Doe't se der in stik hinne oan ta wienen, sei de iene (Sybren) tsjin 'e katten: "Poesje Manille, waar komt gij vandaan?"...
Us mem wie altyd siik. Hja doktere al, mar it joech neat. Hja wie bitsjoend troch de frou fan koopman U seinen de lju om ús hinne. Doe gong heit nei in frommeske ta yn Warten. Dat wie in duvelbanster. 't Wie in âld minske. Heit krige in hiele greate koudrank mei. Doe't er thúskom moest er de slotsgatten en alles ticht meitsje. Dan moest er de kessens...
As jy in apel krigen fan in tsjoenster, dan moest men dy noait hielendal opite. Iet men him heal op, dan kom der jin neat fan oer. Oars krigen jy in pod yn 't liif.
In tsjoenster mat yn 'e safolle jier ien deatsjoene, oars mat se sels dea. Bitsjoent se in bern en sitte der trije folsleine krânsen yn 't kessen fan 't bern, dan is 't net mear to rêdden. Sy gongen hjirwei meast nei Wiger Wartena, de duvelbander fan Warten. Dy joech in drankje mei. De krânsen moesten forbrând wurde, wylst alles ticht siet.
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn...
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
Alde Linse slachters Griet to Garyp wie bitsjoend. Doe gong har swager nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide. De âld man wie krektlike swart as de heide sels. Hy sei: "Ik wol har wol helpe, mar dan matte jimme my ophelje mei de wein, hwant ik kin sa'n ein net rinne. En ik mat sels mei Griet prate." Doe ha se Piter Poes dan ophelle. Hy makke...
Nachtmerjes koenen prachtich sjonge. Us mem hat wol us forteld, dat trije froulju - alle trije nachtmerjes - us in kear yn in bûteraed oer 't wetter fard wienen en sa prachtich song hienen, dat it fier oer it wetter klonk.
20