Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
61
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
61 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: De Westereen
Alde Piters Willemke, as dy der op út wie to tsjoenen, dan lei der by har thús in grouwe pânse op bêd. Dêr slepte Piter dan nachts by.
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite.
Alde Hanne fan 'e Westerein wie der altyd op út om katten to fangen. Dy strûpte er dan, en de fellen forkocht er. 't Wie in kattefanger. Sa kom er op in kear by in hûs, dêr sieten in stik-of hwat katten by elkoar yn in beam. Hanne soe se der út slaen. Mar doe bigounen dy katten to psalmsjongen. Doe waerd Hanne bang en naeide út. It wienen tsjoensters, dy...
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket. Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan. Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
Men lei froeger duveldrek ûnder 'e drompel om bifeilige to wêzen tsjin tsjoensters.
Hjir wenne in frou, dy haw ik goed kend. Dat wie in tsjoenster. Dat minske bitsjoende de bern. Hja tsjoende krânsen yn it kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Dêr koe men oan wite dat it bern bitsjoend wie. As hja der op út wie, lei har pânse op bêd. Hja fleach ek wol.
De nachtmerje kaem troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men moest de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan kamen se net by jin.
Bern hienen froeger altyd duveldrek yn 'e klean binaeid om feilich to wêzen foar tsjoensters. Myn suster en broer hienen it ek noch, ik sèls net mear.
Yn 'e Westerein hat in tsjoenster west, dy gong der yn 'e nacht altyd op út to tsjoenen. Hja en har man slepten byinoar, mar as hja der op út wie, dan lei der in kouwepânse njonken de man op bêd.
In nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat en troch 't goatsgat.
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
In bern rekke faek bitsjoend as in tsjoenster sa'n bern hwat joech, in apel of sa. Dan kommen der krânsen yn 'e kessens en woarde it bern siik. Dan gongen de âlden nei Wopke ta. Wopke joech har in flesse drank mei foar it bern. En dan sei er: "Pas op, as der guon by jimmes yn 'e hûs komme. Dy flesse meije se net sjen." De krânsen yn 't kessen moesten...
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear. Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
De tsjoensters gongen soms nei Spanje ta nei de wynkelder.
De tsjoensters makken reizen nei Spanje ta. Yn in boat. Dan songen se: Huppele, tuppele over 't water.
Hja fortelde, der wie in tsjoenster, dy hie har it tsjoenen leare sild. Doe sei dy tsjoenster tsjin har: "Dû mast my dit neisizze: - Hier zitten we onder de weilge (= wylch), vervloekende God met al zijn heilge. -" Mar Antsje hie sein: - Hier zitten we onder de weilge vervloekende de duivel mei syn hiele oanhang - Doe hie se 't tsjoenen net leare kind.
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
Us mem sei: "Astû fan in tsjoenster hwat oannimst, spui dan de earste hap út. Dan hat it gjin kweade gefolgen." Hwat ek helpt: Twa kear achterelkoar yn 't bywêzen fan 'e tsjoenster sjonge: "Tsjoenster, dû krijst my net." Dan is men ek feilich. Dat learde mem ús as wy gongen to skoaijen.
61