Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Men moest noait op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger.
In tsjoenster koe harsels yn in pod foroarje.
De Westereen
Ruerd wie de man fan Jantsje. Ruerd ha se deatsjoend. Doe't er dea wie, ha se syn kessen iepenmakke. Doe sieten dêr trije folsleine krânsen yn. Hie de trêdde krans noch net klear west, dan hie Ruerd noch to redden west.
De Westereen
Om gjin lêst fan in nachtmerje to krijen setten se de toffels wol achterstofoar foar 't bêd.
De Westereen
By myn skoanheit wie ien fan 'e bern siik. It wie bitsjoend. Doe gong skoanheit nei de duvelbanner Wopke ta. Wopke joech him in drankje mei. Doe sei Wopke: "Mast goed op it drankje passe. Der komt dy aenst ûnderweis in grouwe houn tsjin, dy hat it op it drankje forsjoen. Tink derom en lit dy houn net passeare oan 'e kant dêrstû it drankje hast." Mar de...
De Westereen
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
Ik hie ek in jonkje, dêr helle ik altyd molke foar fan Piters Willemke. Doe sei Willemke op in kear tsjin my: "Doarstû hjir wol molke wei to heljen en dat oan dyn bern to jaen? Dû wist ommers wol hwer't de minsken my foar hâlde, net?" "Ja wis, wit ik dat," sei 'k, "en ûngewosken astû myn bern bitsjoenste, hwant dan komst net levend út myn hannen." Mar hja...
It is gebeurd, dat ik alle dagen mei myn jonkje nei de molkboer ta gong om sûpe. Alle kearen kaem der ek in frommes by de wein, dat wie Minne Brecht, in tsjoenster. Doe woarde myn jonkje net goed.
Doe seinen se tsjin my, ik moest duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat haw ik dien. It jonkje wie gau wer better en Minne Brecht kaem net wer.
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje. Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
Sa'n 75 jier lyn is 't gebeurd dat der to Kollumersweach in feint wenne, dy hie forkearing mei in faem. Hy siet op in joun by har op. Doe fornaem er ynienen, dat hja net mear op 'e stoel siet. Ynpleats dêrfan lei der in pânse op 'e stoel. Doe wie dy faem der op út to tsjoenen. Ik haw har skoan kend.
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne.
Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.
De Westereen
In protte lju dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de heks net by har yn 'e hûs komme. De bern krigen duveldrek yn in pûdtsje op it boarst.
Yn myn jonge jierren wie der in berntsje bitsjoend. Der waerden krânsen yn 't kessen foun en dat wie in klear biwiis dat it bern ûnder in kweade macht stie. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne ta. Dy joech in drankje mei foar 't bern en de minsken krigen oanwizings hwat se dwaen moesten. It drankje moest net stikken gean ûnderweis, en der mochten fral...
De Westereen
Yn Twizelerheide wenne Hekse Harm. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e kweade.
De Westereen
De krânsen dy't se út 'e kessens hellen, waerden forbrând. Dan makken se alles ticht. De skoarstien en de kaeisgatten en ek de oergerdinen waerden tichtskoud. Oars koe de tsjoenster der yn komme, of hwat sjen.
De Westereen
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme.
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet.
In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea."
't Wie krekt as songen dy katten.
De Westereen
Tsjoensters kinne sawol âlde as jonge minsken wêze. Wy hienen in lyts jonkje, dat wie sa'n trije jier âld. Wy wennen doe yn Ikkerwâld. Dat bern bigoun persé jouns om njoggen ûre to gûlen. Dat gebeurde alle jounen. Men koe de klok der op lyk sette. En dat duorre oant alve ûre ta. Wy wennen doe noch by myn man syn âlden yn. "It bern raest him dea", seinen...
Se seinen froeger altyd, men mat de klompen achterstofoar foar de drompel sette, dan kin de nachtmerje der net yn komme.
Der wienen ek wol guon dy struiden moal op 'e bêdsplanke en op 'e tekkens.
De Westereen
Ik ha wolris in nachtmerje by my hawn. 't Wie krekt in kat. Dy sprong op myn fuotten en gong sa stadichoan nei 't boarst ta. Dan koe 'k neat mear sizze. 'k Woe wol roppe, mar 'k wie machteleas. Op in kear doe kom der wer in nachtmerje by my. Doe forsette ik my sa bot ik mar koe. Ik sei: "Silstû it winne as ik." En dêr liet ik in grou flokwurd op folgje....
De Westereen