Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
2
59
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
60 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: De Westereen
Tsjoensters foroaren har yn katten. Dy hâldden forgaderingen en psalmsongen dêr by. Joech men sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
Tsjoensters foroarje har yn in kat. As de tsjoenster it hûs forliet, liet se faek in pânse achter. Dat wie algemien bikend.
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend. Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
As in bern bitsjoend wie gongen se nei Wopke om in drankje. Dat drankje mochten se oan net ien sjen litte, dêr mochten gjin fremde egen oer gean. Dan woarde alles ticht makke yn 'e hûs, alle kieren en alle lytse gatsjes. En dan woarden der spjelden en nuddels yn in panne dien - fan elk in ûneven tal - en dy moesten dan yn wetter siede. Hwa't dan de oare...
In omke fan my wenne yn in kroech. Hy hie in jonge, dy rekke siik. Doe ha se syn kessen iepenskuord en dêr kaem fan alles út. Der siet in keizertou yn, dêr't se de muorre mei mjitte en in sinaesappelskyl, ja fan alles. De duvelbander hienen se der by helle. Dy frege: "Komt hjir wolris ien, dy't net fortroud is?" "Ja, stammerige Harm", sei omke. "Dan is...
Op in moarn om 4 ûre wie 'k yn Kollumersweach op 'e lânnen. 't Wie op in moandei-to-moarn. 't Melken wie krekt dien. Doe fleach der hwat boppe my lâns. Dyselde sei: "Goeije Morgen." Ik koe net sjen hwat it wie. Mar se seinen allegear, it moat in tsjoenster west ha. Hwat skepsel kin oars fleane?
Der wie in feint, dy siet op in snein-to-joun by syn faem. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, moest dy feint der even út. Doe't hy der wer ynkaem, wie de faem fuort. Der lei in pânse op 'e stoel, dêr't hja op sitten hie. Doe wist er dat syn faem in tsjoenster wie. Dit gebeurde yn 'e Westerein.
Froeger woarden der faek bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbanner ta om in drank. As sa'n duvelbanner in drank meijoech en 't bern stoar, dan wie 't bitsjoend. Stoar it net, dan wie 't net bitsjoend. As in tsjoenster in bern yn 'e macht hie, dêr leefde se fan. Dêrtroch tsjirme it bern. Myn heit hie in âldomke, dat wie Piter. Dy wie troud mei in...
Soms joegen se in kat in skop, dan hie de tsjoenster even letter in seare skonk. Dan roun se kreupel.
It wie Piters Willemke har dochter dy't de pânse achterliet en har yn in klok mei pykjes foroare. In suster fan har wenne tichte by dat minske. Dy har jonge dy sukkele. Alle dagen kom de tsjoenster hast by har om to sjen hoe't it mei de jonge gong. Op in kear moest se in boadskip dwaen, wit hoe fier fuort. 't Wie wol in healûre rinnen, mar sy kom like...
Der wienen in man en in frou, dy hienen in jonkje, dat wie siik. Se tochten dat it bern de mûzels hie. Se hellen de dokter der by. Der wienen altyd katten by har om 'e doar en dy fleagen by de glêzen op. Op in kear, doe wie der in man yn 'e keamer, doe lei der in kat op 'e diwan. Dy woe der net út, hy blaesde mar. De jouns kom der ien fan 'e jonges thús....
Stammerige Harm fan Sweagerbosk wie èk in tsjoenster.
De Westereen
Tsjoensters foroarje har faek yn katten. En dy komme dan ek by de tsjoensters op bisite. Alde Jan Brouwer en Tsjitske rieden ris oer de greate strjitwei mei in wein. Doe moesten se troch in tolhek. De frou fan 'e tolgaerder wie in tsjoenster. De tolgaerder die it tolhek iepen en liet Jan Brouwer en syn frou der troch. Hja wienen noch mar in lyts eintsje...
De tsjoensters lieten de pânse ek faek achter yn 't bêd. Dan wienen se der sels op út to tsjoenen. In skoansuster fan my hat ris njonken sa'n pânse op bêd lein.
De minsken hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e drompel tsjin 'e tsjoensters. De bern droegen duveldrek op 't boarst oan in bantsje. Ek yn 't bûthús hienen se duveldrek foar 't fé.
Under 'e hekke fan 't lân, dêr't hynders yn roannen, hienen se froeger duveldrek lizzen. Se wienen bang dat der forkearde lju yn 't lân komme koenen dy't de hynders bitsjoene woenen.
Ik wie in famke, doe gong ik mei ús beppe nei in forgadering. Doe't wy weromkamen, seagen wy op in heidefjild in keppel katten. Dy wienen moai oan 't sjongen. "Dat binne tsjoensters," sei beppe, "dy hâlde dêr in forgadering."
Sokke katten dat tsjoensters wienen, koenen jy allinne mar reitsje mei in sulveren kûgel.
"As in swarte kat rjocht oer de wei giet, dan matte jimme dêr noait lâns gean", sei ús mem. Hwant dan wie 't in tsjoenster.
Doe't de treinen kommen wienen de tsjoensters fuort.
61