Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
15
15
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
15 datasets found
Dutch Keywords: hek Place of Narration: De Westereen
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend. Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
Yn Hurdegaryp, op it hiem fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Dêr moest in pleachbeest lâns. In pleachbeest seach der út as in grouwe, swarte houn.
Under 'e hekke fan 't lân, dêr't hynders yn roannen, hienen se froeger duveldrek lizzen. Se wienen bang dat der forkearde lju yn 't lân komme koenen dy't de hynders bitsjoene woenen.
Bontsje Keke (= Knjillis Veenstra) is mei de helm geboaren. Hy moest der nachts faek út. Dan gongen de hekken fansels foar him iepen.
Bontsje Knjillis wenne op 'e Sweachlannen. Dy wie ek mei de helm geboaren en moest ek alles sjen. Dy roan dan yn 'e nacht alhiel nei 't Sweachster tsjerkhôf ta. As er let wie gongen de hekken fansels foar him iepen.
Foppe-om hie in kampke lân flak by syn hûs. Dêr wied er op in kear oan 't wurk. Doe kommen dêr twa man oan. It wienen buorrelmannen, hja hienen tofolle hawn. Hja dienen de hekke iepen dêr't se troch gongen, mar dienen him net wer ticht. Doe sei Foppe-om: "Wolle dy jonges de hekke even goed ticht dwaen?" "Dû kinst om ús forrekke", seinen se. Doe krige...
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kinne. Yn 'e nacht giet er fansels iepen.
To Hurdegaryp is in hekke, dy't se net ticht hâlde kin. Unbikende machten meitsje him iepen.
To Hurdegaryp is in hekke dy't yn 'e nacht samar fansels iepen giet.
To Hurdegaryp wie in hekke dy't nachts altyd om deselde tiid út himsels iepen gong.
To Hurdegaryp, by Bennema-state wie in hekke. As se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen. Hoe't dat koe, hat noait ien witten.
To Hurdegaryp, op Bennema-state stienen de hekken altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy wie altyd iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha dêr wolris de wacht by hâlden. It doogde net mei dy hekke.
Yn Hurdegaryp, dêr't dokter Bontekoe wenne hat, koe de hekke noait ticht bliuwe. Der roannen froeger faek fékooplju fan 'e Westerein nei Ljouwert ta. Dy moesten by dy hekke lâns. Guon ha sjoen, dat se dêr iderkear deakistjes fan lytse bern dwars oer de wei ta de homeije yndroegen.
De biwuste hekke to Hurdegaryp gyng (giet) altyd fansels wer iepen.
15