Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Fan Wachthûs ôf nei de Sweagerbosk út, dêr spûken altyd twa famkes nachts, dy hienen reade lintsjes om 'e hals. Dy famkes ha se yndertiid de hals útsnien.
Op 't Spoar hjir yn 'e Westerein roannen nachts altyd twa famkes om, dy hienen reade strimen om 'e hals. Dy famkes wienen froeger formoarde woarn. Se hienen har de halzen útsnien.
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. 't Is de âldste of de jongste. Nachtmerjes komme nachts by de minsken. Se knipe de minsken de hals ticht. Us heit gyng altyd achterstefoar op bêd. Dat die er om 'e nachtmerje.
De minsken hâldden nachts de kaei oan 'e binnenkant yn 't slot. Dat dienen se om 'e nachtmerjes en de tsjoensters to kearen.
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
By de Wedze is in man formoarde woarn. 't Wie in boer. In arbeider krige dêr de skuld fan, mar se ha 't noait biwize kind dat er it dien hat.
Doe't dy arbeider op syn stjerbêd lei, sei er: "Greate Pier hat him de hals útsnien en ik moest tasjen."
Bloedplakken dy't by in moard ûntstean kriget men noait wer út 'e flier of de muorre. Dy bliuwe der yn sitten.
De Westereen
In nachtmerje falt jin op 'e fuotten del en giet dan stadich omheech en nei de hals ta. Dan biset jin alles om 'e strôtte hinne.
De Westereen