Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10
10
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
10 datasets found
Dutch Keywords: geld Place of Narration: De Westereen
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel.
Der wie in jonge, dy moest de doomny altyd molke bringe. Mar hy krige noait hwat foar dat molke bringen elke dei. En de doomny sei ek noait 'morgen' tsjin him. Dat doe tocht dy jonge: "Astû gjin moarn seiste, hoef ik it ek net to dwaen." Mar de doomny wie der troch rekke, dat dy jonge him noait groete. Dêrom sei er op in kear tsjin 'e jonge: "Nou sil ik...
Frijmetselers wienen guon dy wienen oan 'e duvel forkocht. De duvel krige har siele letter. As se gjin jild mear hienen hongen se de lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar. Dan siet dy in skoft letter fol jild. Om 'e sawn jier timmeren se oan har hûs, dat se noait ôfmakken. Se timmeren altyd om 'e sinne hinne. Wienen jo ienkear frijmetseler dan koenen jo net...
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild. Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
Der wenne hjir yn 'e Westerein in man, dy hie in wikseldaelder, seinen se. Dy moest er fan 'e duvel krigen ha. In wikseldaelder, dat wie jild, dat kaem altyd werom. As jo in goune útjoegen siet er in skoftsje letter wer yn 'e beurs.
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
Stammerige Harm (H. Veenstra) hie in wikseldaelder. As er in goune útjoech hied er him in ogenblik letter wer yn 'e bûs. 't Wienen duvelskunsten.
Teltsje fan it pealtsje to Easterlittens mei rymke: Onder deze pot zit nòg een pot en dááronder sit noch helte groter skot.
Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele. Hy fortelde us oan Ringer: "Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. - - Kinst wol jild krije...
Sahwat in 48 jier lyn haw ik Ymke de Jong troffen yn in loazjemint yn Apeldoarn. Dat stie oan 'e Smidsweg en koste in skelling per nacht. Ik wie yn dy buert oan 't mollefangen. It wie sahwat njoggen ûre yn 'e joun, doe kommen der twa man yn, elk mei biezen op 'e rêch. It wienen stuolwynders. De iene, dat wie Jan Landkroon fan Noardwâlde - in great...
10