Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search




















Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
By de Twizeler wei seagen se froeger faek ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Se wolle wol ha dat dat de lettere fytsljochten wienen.
De Westereen
Wylde lantearnen seagen se hjir froeger hiel faek. Dat wienen de lettere fytsen mei de ljochten op en de auto's.
Ik haw ris hwat nuvers bileefd. Ik wie boerearbeider yn Feankleaster, by Sikke Oostenbrug. 't Wie yn 'e simmer, de moarns om in ûre of fjouwer. It wie al ljocht. Ik ried op 'e fyts nei de boer ta. 'k Ried op 'e rjochter kant. Doe waerd ik samar ynienen mei fyts en al oan kant set. Doe ried ik oan 'e linkerkant. Hwat dat west hat, wit ik hjoed-de-dei nòch...
De Westereen
Yn 'e Sweagermieden seagen se froeger allegear ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Yn letter tiid binne dêr allegearre wegen oanlein, en dêr fljogge nou de auto's en de fytsen ensa lâns. Dêr ha dy ljochten de foarboaden fan west.
De Westereen
Alde Thomas Clare wie kaertlizter.
Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen.
Mar ik koe alles hearre.
"Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy."
"Nòch ien, dy wol der tusken."
"D_ is wòl fortroud, d_ nèt."
"Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts."
Hja krigen beide in poppe.
De Westereen
It wie op in moarn healwei seizen. Ik siet op 'e fyts. Ik soe mei in pak boeken foar op 'e fyts de kant nei Zoutkamp út om dêr dy boeken út to suteljen. It wie: Het zalig sterven van Klaasje Zijlstra. Ik wie sahwat by Feankleaster doe seach ik ynienen in fjûrbol foar my. It wie noch tsjuster. Ik tocht net oars: it is in auto en dy komt op my ôf. Dat ik...