Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
62
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
62 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: De Westereen
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander. Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle. Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
Piters Willemke lei nachts foar dea op bêd. Dan siet der gjin leven yn, dan wie de geest der út. Dan wie 't krekt in pânse, seinen se. Dan wie Willemke der op út te tsjoenen. Soms wie 't in kat, mar hja koe har ek yn in sinters boltsje foroarje. As der guon kamen, wylst Willemke foar dea op bêd lei, en dy seinen: Dit liket net bêst, hja liket wol dea, dan...
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
Jierren lyn is der op 't Wyldpaed in man formoarde: Piter Veenstra. Ymke de Vries sei: der is doe bloed stroomd, dat kinne se der noait wer wei krije.
As der in deaden weromkom, dan hellen se der in doomny by. Sa'n deaden hie dan gjin rêst. 't Gebeurde wol dat er net in deadshimd meikrige hie. Sei men 't 'onze Vader' op, dan gong sa'n ien fuort.
It wie Piters Willemke har dochter dy't de pânse achterliet en har yn in klok mei pykjes foroare. In suster fan har wenne tichte by dat minske. Dy har jonge dy sukkele. Alle dagen kom de tsjoenster hast by har om to sjen hoe't it mei de jonge gong. Op in kear moest se in boadskip dwaen, wit hoe fier fuort. 't Wie wol in healûre rinnen, mar sy kom like...
Der lei in bern op it stjerbêd, mar it stoar net. It bleau mar yn libben. Sy gongen nei hoe't dat kaem. Doe kamen se ta de konklúzje, hja hienen ris in jurkje foar 't bern makke op snein en dat hie 't bern oan. Hja dienen in knip yn 't skelkje mei de skjirre en doe wienen de siken der samar út.
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat ek in deaden, seinen se.
As de kat him wasket komt der bisite. As er him achter 't ear wasket komt der in fremden op bisite. As eksters by hûs skatterje komt der in deaden. Yn Twizel hie ik in omke en in muoike to wenjen. Omke waerd siik. Doe kamen der swarte fûgels op it dak. Doe is omke ridlik gau dêrnei stoarn. Dy swarte fûgels wienen de boaden fan 'e dea.
Komme der swarte roeken op it hiem, dan bitsjut dat dat der ien stjerre sil. Skatterje der eksters ticht by 't hûs dan stjert der ek gau ien. As op in bigraffenis de klok klept komt der ek mei gauwens in deade. As der op moandei ien opdroegen wurdt, dan folget der hiel gau wer ien. Dat haw ik faek meimakke.
Us beppe hat in bern forlern, dat bitsjoend wie. Dat bern hie èk in krâns yn 't bêd. Doe't it noch leefde gongen se nei greate Wopke ta om medesinen. Dat wie de duvelbander. Wopke joech in drankje mei. Dêr moest tige op past wurde. As der ien passearde moest it drankje oan dy kant dêr't dyselde net foarbyroun. Oars knapte it. En thús moest it yn 't...
Deselde dy't it deadshimd naeide moest de tried net ôfbite, hwant dan foelen de tosken út. As se it hier fan 'e deade útkjimden moesten se dy kaem net wer brûke, hwant dy't dat die, dy foel it hier út. Dy kaem moest by de deade yn 'e kiste.
As der tichte by in hûs in flinke greate beam stie en dy beam joech tekens dat er dea gean soe; as er al heal dea wie en der kaem yn 'e top in swarte roek to sitten, dan gong dy beam net dea, mar bigoun wer to leven en to bloeijen. (in swarte roek op dead hout bringt leven)
Yn 'e Westerein wenne in meester. 't Wie yn 'e winter en hy sei: "Ik wol even in eintsje ride op redens." Mar hy is by de Kûkhernster brêge fordronken. De minsken hienen dêr fan tofoaren al gejammer heard. It lei dêr by de brêge iepen.
Doe't ús heit deariden is, sei ús mem krekt fan tofoaren: "Duvel, hjir gebeurt hwat." Wol acht swarte roeken wienen der op 't hiem. Mem forjage se, mar sy kommen like gau wer. Mem wie der alhiel fan oerstjûr. In pear dagen letter krige heit it ûngelok. Hy is ûnder in truck rekke en wie opslach dea.
Wy setten froeger krusen oer de wei foar de tsjoensters, dan koenen se der net oerhinne komme. Tsjoensters woarden noait by 't fé litten. Hwant dan woarden de beesten siik en stoaren se.
Wylde horloazjes tikken altyd by 't bêd. Dan komt der in deaden. Ik hear it nòch wolris.
Bontsje Keke wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Twizeler Heide. Nachts moest hy der út as der lykstaesjes wienen. Soms woed er net. Mar hy moest. Dan waerd er twongen. Soms yn 'e ûnderbroek en op bleate fuotten der op út yn 'e nacht. Sa hurd moest er dan. Dan gongen de hekken foar him iepen. Hwant hy moest op tiid wêze. Hy hat ek de bigraffenis fan syn...
As in houn spûkgûlt, dan komt dêr yn dy buert in sterfgefal. In hopen minsken hjir leauwe dat nòch.
62