Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Piters Willemke lei nachts foar dea op bêd. Dan siet der gjin leven yn, dan wie de geest der út. Dan wie 't krekt in pânse, seinen se. Dan wie Willemke der op út te tsjoenen. Soms wie 't in kat, mar hja koe har ek yn in sinters boltsje foroarje. As der guon kamen, wylst Willemke foar dea op bêd lei, en dy seinen: Dit liket net bêst, hja liket wol dea, dan...
As myn mem en ik moarns fan bêd ôf kommen hienen wy de bannen dy't ûnder oan 'e ûnderbroek sieten, fol knopen. Dat wie tige lestich, hwant dy wienen der hast net út to krijen. Der moesten dan faek nije bannen oan. It wie it wurk fan 'e tsjoensters; dy makken de knopen der yn.
De Westereen
Froeger woarden der faek bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbanner ta om in drank. As sa'n duvelbanner in drank meijoech en 't bern stoar, dan wie 't bitsjoend. Stoar it net, dan wie 't net bitsjoend. As in tsjoenster in bern yn 'e macht hie, dêr leefde se fan. Dêrtroch tsjirme it bern. Myn heit hie in âldomke, dat wie Piter. Dy wie troud mei in...
De tsjoensters lieten de pânse ek faek achter yn 't bêd. Dan wienen se der sels op út to tsjoenen. In skoansuster fan my hat ris njonken sa'n pânse op bêd lein.
Yn 'e Westerein wie in bern bitsjoend. Doe gongen se nei 't Wytfean ta, nei Jonge Jan. Hy siet mei de fuotten by 't bêd del. "Kom der mar yn", sei er. De man dy't by Jonge Jan kaem, hie in ruft fan it bern meinaem. Jonge Jan biseach it ruft en rost twa tippen tsjin elkoar. Doe seach er nochris en sei: "O, o, hwat ha jim it mei rare dingen to dwaen!" Jonge...
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. 't Is de âldste of de jongste. Nachtmerjes komme nachts by de minsken. Se knipe de minsken de hals ticht. Us heit gyng altyd achterstefoar op bêd. Dat die er om 'e nachtmerje.
De minsken hâldden nachts de kaei oan 'e binnenkant yn 't slot. Dat dienen se om 'e nachtmerjes en de tsjoensters to kearen.
Us beppe hat in bern forlern, dat bitsjoend wie. Dat bern hie èk in krâns yn 't bêd. Doe't it noch leefde gongen se nei greate Wopke ta om medesinen. Dat wie de duvelbander. Wopke joech in drankje mei. Dêr moest tige op past wurde. As der ien passearde moest it drankje oan dy kant dêr't dyselde net foarbyroun. Oars knapte it. En thús moest it yn 't...
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
Myn nicht wenne op Terschelling. Dy seach ris yn 'e nacht dat in man by de treppen op gong en by har bêd stean gong. Doe gong er wer by de trap del en gong op 'e kachel sitten.
Dat seach hja wylst hja op bêd lei. 't Wie net in droom.
Mar dy man wie in spoek, ien dy't al stoarn wie.
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje.
In nachtmerje kin oeral troch. In nachtmerje komt by de minsken by 't bêd. De minsken gongen wol hinne en struiden griene earten oer de flier. Dan stroffele de nachtmerje en foel oer de griene earten en dan woarde de slieper dêr wekker fan.
As in faem de hoasbannen krúst foar 't bêd leit, dan komt har takomstige man foar 't bêd to stean. Dan kin hja sjen mei hwa't hja trout.
In nicht fan my fan 'e Sânbulten hat it dien. It is krekt sa útkom.
De Westereen
Wylde horloazjes tikken altyd by 't bêd. Dan komt der in deaden. Ik hear it nòch wolris.
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Minsken dogge wol de toffels omkeard foar 't bêd, dan pleaget de nachtmerje har net. Se flechtsje de moanjes fan 'e hynders.
De Westereen
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen. Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen.
Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
De Westereen
Yn 'e Westerein wenne in man, Bontsje Keke. Se seinen, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach nachts lykstaesjes. Dy mòest er sjen, dan koe er net op bêd lizzen bliuwe.
In pear dagen letter wie dan meastal de èchte bigraffenis.
Mar hy hie dan alles al fan tofoaren sjoen.
De Westereen
Jan en Tryn soenen der togearre op út to iten op in joun. Hja soenen ek by dy minsken oernachtsje. Tryn iet altyd to folle, mar hja praetten ûnderweis togearre ôf, as it foech joech mei iten op to hâlden, dan soe Jan har op 'e foet traepje. Mar doe siet dêr in houn ûnder 'e tafel. Tryn wie noch mar krekt oan 't iten of dy houn trape har op 'e foet. Tryn...
Om gjin lêst fan in nachtmerje to krijen setten se de toffels wol achterstofoar foar 't bêd.
De Westereen
Der wienen in man en in frou, dy soenen op in joun to praten en dan in nacht oerbliuwe. Se soenen dêr de jouns ek mei waerm ite. De man koe geweldich ite. Hy rekke noait sêd. Doe sei de frou tsjin him: As it iten aenst op tafel komt mastû net tofolle nei binnen slaen, hear. As ik dy op 'e foet traepje mast ophâlde fan iten. De man biloofde dat en sy...
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...