Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
18 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: De Westereen
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
Op 'e Lange Loane spoeken froeger trije wite wiven. Forskate lju doarsten by nacht de loane net lâns.
Oan 'e Lange Loane (nou Verlengde stationsstraat) roan in pleachbeest om. It wie krekt in beest as in houn. Hy roan deun njonken de minsken lâns en sy koenen him net wer kwyt wurde. De minsken woarden dan deabinaud.
Yn Wierum wie in bonkekelder op 't tsjerkhôf. Twa mannen seinen tsjin in jonge: "Doarstû dêr fannacht 12 ûre wol in deadskop út to heljen?" "Hwerom net?" sei de jonge. Hy wie net bang. Doe gongen dy beide manlju even foar tolven nei de bonkekelder. Dêr gongen se ynelkoar dûkt sitten mei in ljocht kleed om har hinne. De jonge kom der oan doe't it tolwe ûre...
As der bern yn 'e rogge kamen, dan waerden se bang makke mei 't roggemantsje.
In nachtmerje hat ien kear nei my ta sild. Ik wie doe noch in jonge. Ik lei op bêd, 't wie nacht. 't Wie in man op in hynder, dy't lyk op my ta kaem. Ik wie deabinaud, mar koe net roppe.
Men heart wolris fan wite juffers dy't spoekje. Dêr hoeft men net bang foar to wêzen. Wyt kin fordreaun wurde, mar swart net.
Ik haw IJe Wykstra fan Greategast skoan kend. Ik ha wol by him west. Even foardat er dy fjouwer plysjes deasketten hat, siet der by har in houn foar de doar to spûkgûlen. IJe wenne by syn âlde mem yn. Doe't er dat spûkgûlen hearde, sei er tsjin har: "Dat bitsjut in deaden. Doe sei syn âlde mem: "Dan sil ik dat wol wêze, ik bin al âld." De hiele nacht hie...
By de spoarbrêge yn 'e Westerein doarmen yn 'e nacht altyd in pear berntsjes om, dy hienen gjin holtsjes. Dêr doarsten froeger de minsken by nacht net lâns.
"Tink der om, de doddeaden pakke jim", seinen se froeger tsjin ús, as wy noch let bûtendoar wienen. Letter seinen se meast 'de berndieven'.
Ik en in kameraed wienen to murdejeijen. Wy wienen by Burum. En doe sei ik: "Dêr komt ek hwat oan." Doe wienen dat twa hynders. Dy koenen wy net fuort krije. Sy bleauwen stean dêr't se stienen. Krekt as wienen 't beelden. Dat ha spûkhynders west. Wy binne doe mar gau fuortgong.
De duvel hie pake foargoed yn syn kloeren, doe't er noch jong wie. Pake hat wol us sa binaud west, dan roan er sa hurd, dat it boppeste fan syn klompen ôfbarstte. Dan siet de duvel him nei.
Pake handelde yn grienten en yn beamkes en sokssahwat. Op in kear wied er ûnderweis nei Burgum ta, nei de Bosgra's om beamkes, om dy wer to forhandeljen. Underweis kommen der twa keardels ta de bosk út. Dat wienen rovers. Dy fregen him: "Hoe let is 't?" "Ik bin healwei fiven fan hûs gong," sei pake, "'t sil nou om healwei seizen hinne wêze." Pake hie in...
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
Yn dat hûs koenen letter gjin minsken mear wenje. Sy gongen der allegear wer út. It spoeke dêr letter altyd. De minsken koenen der net mear yn wêze. Hyltyd stie 't hûs leech. De stuollen koenen net op har plak stean bliuwe en de tafel en de kachel net, dat op 't lêst wie elkenien deabinaud foar dat hûs.
Ik wie in lyts fanke. Om in ûre of ien yn 'e nacht bigoun ik altyd to razen. Der siet in raer, swart ding, dat seach ik en dêr wie ik binaud foar. Heit sei: "It bern is bitsjoend, ik sil nei Wopke ta. Wy krije sa net in wink yn 'e egen." Mar as er dan nei Wopke ta soe, wie 't wer oer. Dat wist de tsjoenster. Dat wie Sytske van Assen. Mar heit is doch nei...
Froeger, doe't wy bern wienen, kom der in sekere Jan Hamstra by ús, dat wie in kolporteur fan boeken en bibels en kalenders ensa. Hy kom wol gau us by ús to jounpraten. It wie in froom man. Op in kear sei er: "Ik ha us hwat bileefd, dat woe 'k net graech wèr bileve. Hoewol, ik bin net bang. As ik yn Garyp sutele mei boeken, slepte ik dêr yn 'e koarte...
Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har. Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er. Heit en dy seinen: "Dat treffe we,...