Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) wie timmerman. Dat wie in earste raren. Dy is ek smiten woarn op in joun. Doe hie er timmere op it Bouwekleaster. It gebeurde by in houtsje op 'e Skoltepaden.
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie timmerman. 't Wie in rûch man. Op in joun kom er fan 't wurk werom. Hy soe wer nei de Harkema ta en roan de Skeltepaden lâns. It bakje mei timmerark hied er oer 't skouder. Doe kom der him in wite juffer opside. Ruerd sei, hja moest by him weigean, hwant hy woe net mei har huorkje. Doe hie dy wite juffer him pakt en oer de...
Der moest jouns in strike flaeks om 'e brake boun wurde, foardat de lju op bêd gongen, oars woarde der yn 'e nacht troch brake.
Ik en myn neef gongen simmerjouns wol gau us nei de Hamster buorren. Dan seagen wy om in ûre of njoggen ljochtsjes oer de Ikkers tusken ús hûs en dat fan Aeltsjemoai. Wy seinen: "Dêr komt grif in hûs to stean, hwant it wienen wylde lantearnen. Mar it hûs is der noait kom.
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
Ik en myn wiif hienen us to jounpraten west nei myn swager Fokke Alma, dy't oan 'e Betonwei wenne hat. Wy gongen werom, doe kom der in grouwe, swarte houn by ús. As wy steanbleauwen, bleau dy houn ek stean. Wy woarden beide binaud. Doe't wy oan ús folke hûs ta wienen, gong myn wiif dêr yn 'e hûs. Ik bleau stean en krige it mes. Mar doe seach er my lyk oan...
Us Sibe en in kammeraet fan him roannen us op it paed, dat nou de betonwei is. 't Wie let yn 'e joun. Doe hearden se dêr op in plak allebeide hyltyd getimmer. Mar der wie neat to sjen.
It duorre net lang, doe kom dêr in nij hûs to stean.
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
Der wie in boer, dy hie tolwe hinnen en in hoanne. Alle moarnen kom de arbeider by it hok om nei de dieren to sjen. Op in moarn gong hy der wer hinne. Mar doe seach er raer op, hwant der wie net in hin to sjen. Ek net in hoanne. Hy gong fuort nei de boer ta en fortelde hoe't de saek der foar stie. De boer woe't net leauwe en sei, hy moest mar us by de...
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
Harkema
Wy soenen in nij hok ha fan 'e gemeente. De planken hienen wy al thús. In wike fan tofoaren, op in joun, doe't wy al op bêd leinen, sei 'k tsjin Piter: Hark, sa'n leven is dêr. Hearst it wol? Sy lûke de planken by de souder op. Piter hearde it ek dúdlik. Mar der gebeurde fansels neat. Mar krekt in wike letter wienen se drok mei it nije hok oan 'e gong. En...
De greate minsken yn 'e Harkema leauden froeger oan berndieven. Sy lieten de bern jouns noait bûten, dat fortrouden se net.
Harkema
Der wienen ek wol guon, dy kearden nachtmerjes mei krytwyt of moal op 't gesicht.
By hynders brûkten se wol kaf.
Men mat jouns de klompen oerside sette, út it sté, net foar de drompel.
(Op in dei haw ik op 'e Grinzer klaei 42 grouwe foeren hea opstutsen. It bigong de moarns om 4 ûre. Om 9 ûre de jouns hâldde ik op.)
Harkema
't Wie de jouns om acht ûre yn 'e winter by Muntsjetille. Der lei iis oer 't Knjillisdjip.
Doe hearden guon in stem dy't sei: "De tijd is gekomen, de man is er niet." Even letter kom der in man oan op redens. Se rôpen him ta: "Net fierder, net fierder!" Hwant fierderop wie in wek. Mar de man ried al fierder. Hy is yn 't wek riden en forsûpt.
