2 datasets found
Place of Narration: Feanwâlden

Der wie in man, dy hie in protte jild ophelle. Hy moest de Godloas Singel del. 't Wie op 'e joun en tsjuster. Der wienen twa man, dy wienen by him yn 't wurk. Dy wisten, dat hy dêr lâns komme soe en rounen him tomjitte. Se woenen him deameitsje en 't jild meinimme.
Mar dy man seach de beiden fan fierrens oankommen. Hy fortroude se net en doe't er in omkearde skou yn 'e berm lizzen seach, krûpte hy dêr ûnder.
De beide mannen kamen tichterby en doe't se oan 'e skou ta wienen, gongen se dêr op sitten.
"Fordomme, hwer bliuwt er nou?" sei ien fan 'e beiden.
't Wienen de man syn arbeiders. Hy hearde it oan 'e lûden. Hy fornaem dat se it op syn jild forsjoen hienen en dat se him formoardzje woenen.
De beide mannen bleauwen dêr in hiel skoft sitten.
De man dêrûnder koe it hast net langer folhâlde.
Op 't lêst gongen de beide mannen fierder en doe krûpte de oare ûnder 'e boat wei. Hy kaem feilich mei syn jild thús.
De oare deis hat er de beiden dien jown.

Mûnein

Yn Feanwâlden ha se by ljochtmoanne-waer al us in gleone keardel sjoen.

Feanwâlden