101 datasets found
Place of Narration: Noardburgum
Ik ha to Feanwâlden wenne op 'e Finnen yn in gemeentewoaning. Geart Jongsma wenne ek yn sa'n gemeentewoaning, flak by ús. Syn wiif wie in tsjoenster. Myn bern krigen us in kear wyt guod fan it minske op bôlle. Yn 'e nacht wie der mei de bern gjin hûs to hâlden. Sy liken alle fiif wol dwylsinnich. Krekt as wie de duvel yn har fearn. Sy stienen alle fiif op...

Japik Broersma dy hie in broer, dy hiet fan Tsjerk. Dy wie op in kear yn 'e kroech to Feanwâlden. 't Wie Feanwâldster merke. Doe siet dêr in ploechje Westereinders yn dy kroech, dy soenen Tsjerk to liif. (Tsjerk wenne yn Kollum) Sy hienen Tsjerk al twa kear oer de flier hawn en 't like net bêst. Doe helle de spylman Japik gau op. Japik kom. Hy krige de Westereinders twa by twa en brocht se by de útdoar, dêr't de plysje se noch in slach mei de gummiknuppel forkochte. Se lieten har troch Japik as lamkes liede. Hy hie yn in omsjoch mei 't folkje ôfweefd. 't Wienen meielkoar sechstjin man. Doe sei er tsjin 'e plysje: "Nou ha 'k ek noch hwat yn 'e bûse." Hy helle sechstjin skearmessen to foarskyn.
Fjirtsjin dagen letter fielden de Westereinders noch hwer't Japik har beet hawn hie. Dêr sieten blauwe plakken.

Noardburgum

Japik Broersma wie ôfgryslike sterk. Op in snein-to-joun soed er nei de faem ta. Dy wenne op Feanwâldsterwâl. Mar hy stuts earst by Fedde oan om in forsterkinkje.
Dy hie dêr in kroech. Japik wie in beam fan in keardel mei hannen as slaeijen.
It wie yn dy tiid gewoante, dat as in fremdenien yn Feanwâldsterwâl nei de faem ta gong, dan woarde dy troch it jongfolk yn 'e feart smiten.
Der sieten dy jouns mear mannen by Fedde. Twa gongen der út om Japik op to wachtsjen. Dy woenen mei him ôfweve.
Doe't er der útkom, seinen se: "Hwer silst hinne?"
"Dat sille jimme aenst wol sjen", sei Japik.
Doe seinen se tsjin him: "Sjochst dat wetter wol?" Mar doe krige Japik dy twa beet en hy die mei har wol tsien kear krekt as mei in harmoanika. Hy sei: "As jimme nou net gau meitsje, dat jimme hjir wei komme, dan smyt ik jimme oer de bovenleuning fan 'e brêge hinne."
De twa woenen 't wol leauwe.
De sneins dêroan kom Japik wer by Fedde. Doe wienen dy beide oaren dêr ek. Mar sy ha Japik noait wer lestich west.

Noardburgum

To Suwâld by 't Krúswetter lei in tichtsetman mei syn aekje. It gebeurde him wit hoe faek, dat, as er oan 'e súdkant lei fan it tichtset, dat him dan de kettings op 'e aek smiten woarden om in ûre of tsien sahwat yn 'e joun. Lei er oan 'e noardkant, dan wie der neat to rêdden.
It wienen twa neakene berntsjes dy't it dienen. De tichtsetman is nei de dûmny fan Suwâld ta gong en hy hat him frege of er dy berntsjes oansprekke woe.
De dûmny gong der hinne, hwant hy woe 't wolris sjen. Doe't it sahwat tsien ûre wie, sei de man fan 't aekje: "Nou der mar even út."
Sy stienen dêr in skoft, doe sei er: "Sjoch, dûmny, dêr komme twa lytse berntsjes oan."
Doe't dy berntsjes oan 'e kant ta wienen, spruts de dûmny har oan. Hy frege, hwat se moesten.
Doe fortelden se, se wienen dêr op dat plak fan kant makke woarn. Se hienen gjin bierklean mei krige en nou hienen se gjin rêst.
De dûmny frege of dat to forhelpen wie.
Doe seinen se, dat hy moest de earste frou oanhâlde, dy't him tomjitte kom. Dat gebeurde. It earste wiif, dat er tsjinkom, dat hâldde er oan. Doe fortelde er har it gefal fan dy berntsjes. Hy wiisde har in winkel oan, dêr't se bierguod keapje koe. Hja hat it dien en it guod woardde de oare deis op it aekje lein.
It guod woarde útelkoarskuord troch de berntsjes.
Mar nei dy tiid hat de tichtsetman noait wer lêst hawn. De berntsjes wienen holpen.

Noardburgum

In nachtmerje fange se noait.

Noardburgum

Heit fortelde:
Der wenne in faem by in boer. It wie in feardige faem mei in pear goeije hannen oan 't liif, dat de boer wie wiis mei har. Twa jier hat se dêr tsjinne. Se hiet fan Jantsje en krige forkearing mei in sikere Jan. Snein-to-jouns om 'e fjirtsjin dagen kom er by har en dan sieten se togearre yn 't achterhûs. Mar hy fornaem hwat fremds oan har. Op in stuit gong der hwat by har wei wylst er by har siet. En dan siet se dêr op 'e stoel as in sâltsek. Alle wêzen wie der totael út - it wie noait liker as wie 't in lyk, sa siet se dêr dan.
Nei in goed ûre kom der hwat ta it gat fan 'e groppe yn. Krekt as in klobbe miggen. Dat kom op Jantsje ta en gong har ta de mûle yn. Sy hapte en it leven wie wer yn har.
It wie in nachtmerje. Hja wie der yn dy ûre op út west om oare minsken to pleagjen.
Twa kear woarde de feint dat gewaer. Doe sei er 't tsjin 'e boer. Hy praette mei de boer ôf, hy soe de boer warskôgje, hwannear't de geast der wer út gong wie.
De tredde kear gebeurde 't wer. Doe rôp er de boer. Dy kom der by en seach, dat it sa wie lyk as Jan sei. De boer woe de stoel forsette, dêr't se op siet, mar Jan sei: "Doch dat net, hwant dan stjert se opslach." Doe sei de boer: "Ik wyt nou genôch", en hy gong út 'e stâl wei.
Jan wachte salang oant Jantsje werom wie.
Doe hat er 't útmakke.
De oare moarns woarde Jantsje net roppen foar it melken lyk as oars. Mei thétiid rôppen se har. Doe hat de boer har dienjown. Hy sei: "Guon dy't oan 'e duvel forkocht binne, kin ik hjir net brûke. Dû bist in nachtmerje."
Jantsje skriemde tige, mar 't joech har neat. Sy krige noch seis wiken lean útbitelle en koe opdonderje.

Noardburgum

Ik bin net bang foar tsjoensters. As se my neat jowe kinne se om my mar raek tsjoene.

Noardburgum
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl koe mear as sljochtwei. Se neamden him altyd Jehannes tsyske of Jehannes tsiisrinder. Hy koe de froulju de rokken ôfsakje litte, samar midden op 'e strjitte. En de tange liet er dânsje. Ik haw us mei him to meanen west. Doe sylden wy samar achter Feanwâlden wei nei de Wâl ta, hwat net in minkse oars koe. Hy siet ek yn...

Wy wennen op Feanwâldsterwâl en hienen trije bargen yn 't hok. Elke dei kom der in âld wiif by ús om in kopfol wetter om thé fan to setten.
Doe woarden de bargen siik. Wy dienen duveldrek ûnder 'e trôch, mar dat joech neat.
Doe nei Joast Wiersma to Jistrum. Dy joech in blau fleske mei guod mei, dat moest ûnder 'e troch dien wurde.
Op in moarn kom 't âld-wiif wer by ús.
"Wolst meitsje datst hjir wei komst," sei heit, "oars slach ik dy dea." Hja hat net wer by ús op it hiem west en de bargen woarden wer better.

Noardburgum

Der is ris in man stoarn. En it lyk waerdt net stiif. Dat wie ek gjin goed spul.

Noardburgum
tsjoensters It wier by ús mem en hjar. Op in kear wier ús Grytsje sa raer. Mem tocht, hja koe wol stjerre. En altyd hiene wy beppe op 'e tún mei it skiep oan it tsjoar. Soe dy it bern bitsjoene? Dêrom makken wy it kjessen iepen. Der kamen twa en in heale krâns út, sa great as in krintepofke. Der sieten fodtsjes yn binaeid fan de skelk, dy mem krekt makke...
nachtmerje Ik ha ek ris in nachtmerje hâwn. Dat bist krûpte fan de fuottenein fan it bêd by my op. Ik soe raze, mar koe gjin lûd jaen. Ik luts de tekkens oer de holle. Mar it bist siet der mar oan to skuorren en to klauwen. Ynienen goaide ik de tekkens fan my ôf. Doe wier it bist fuort. En ik raesde: "Duvel, dû litst my hjir smoare."

[duivelbanners]
Sa wier hjir ek ris in berntsje siik. Dat krige hwat guod fan De Jong. Ek in duvelbanner. Hy sei der by: "Jo moatte it guod goed fêst hâlde en efter slot sette."
De mem soe it bern hwat fan it guod jaen. Hja hold it fleske, hwer it yn siet, stiif fêst. Dêr roun ynienen in âld wiif foar it finster lâns. En it fleske foel de mem út de hannen.
It is mei dizze tsjoenster raer gien. Earst soe hja har sels fordrinke yn in sleat, wer mar in bytsje wetter yn stie. Hja lei der plat op it liif yn en prebearre de holle ûnder wetter to hâlden. Har man hat har der wei helle. Doe soe se har dea ride litte troch in auto. Mar dat mislearre ek. Doe is hja nei Frjentsjer rekke.

Noardburgum

[duivelbanners]
In pear jier lyn is it hjir noch bard op 'e Heide. (naam Noordbergum oorspr. Bergumer Heide.) In lyts eintsje hjir ôf stiet oan 'e wei in lyts húske. It minske dat dêr wenne sukkele. Mar hja doarst nachts net mear op bêd. Dat wie bitsjoend. As hja der op lizzen gie, dan libbe it ûnder har. Hja joech in âld minske dêr flak by de skuld. Master hat faeks ek wol fan har heard: Widdou ...
Nou, der waerd foar dat minske ek hwat guod helle en doe wier it oer. It is wol wier.

Noardburgum

[duivelbanners]
Wy hiene ek in kou yn it hok. Op in kear kamen wy yn it hok, en dêr stie it bist op 'e kop yn 'e stâl. Dat wie forkeard spul. Ús J. sei, dat er iderkear hwat by it hûs lâns rinnen heard hie. It bist krige ek hwat guod en it wier samar oer.

Noardburgum

[duivelbanners]
R. helle in sekje turven. Doe 't er thús kaem, wierne der allegearre katten om 'e doar. hy mar goaije mei de baelders, mar hy koe noait ien reitsje.
Hy hie ek in skiep, dat wier siik. Hy tocht, dat it bitsjoend wie. Mar hy gong nei de slachter en frege him, ôf er komme woe, om it bist to slachtsjen. Dy kaem en seach it bist lizzen. Hy goaide hwat guod yn it hok en sei: "Nou moatte wy earst mar effen yn 'e hûs om in kopke kofje."
Doe gyngen se wer nei it hok en doe sei de slachter:
"Jouw it skiep mar ris hwat iten."
R. en har seagen raer op. Hy wier dochs kaem, om it bist to slachtsjen! Mar sy diene, hwat de slachter sei. It bist kaem oerein en sei: "Bé!" en wier wer sa soun as in fisk.

Noardburgum

[duivelbanners]
Wy hiene in hok fol piken. Hja seagen der tige moai út, mar leine net. Doe hellen wy der hwat guod foar. It wier rogge mei duveldrek er troch. Rogge is hillich, sjoch. En dalik bigongen se to lizzen.

Noardburgum
It is hjir ek al ris bard, dat de bern op in nacht op bêd leine to gûlen. En it wier allegearre katten om hûs. Heit nei bûten. Hy rôp: "As dat gedonder net ophâldt, stek ik jim allegearre dea." Doe wier it ut.

[duivelbanners]
Bouke, myn sweager, wie ris wer nei P. Hy sei tsjin P.: "As ik dy tsjoenster tsjin kom, dan slach ik har dea."
B. wier in roege rouwe keardel.
"Dû silst hwat", sei P.
Bouke gyng wer nei hûs, mar hwat neijer hy by hûs kaem, hwat mear lewaei hy hearde. Doe 't hy de doar iepen die, wier it krekt, as waerden de stuollen hinne en wer troch de keamer smiten. Mar doe 't hy de keamersdoar iepen die, wie alles ynienen stil en alles stie op syn plak. Mar nou sloegen de tsjoensters op 'e ruten, dat it davere. Mar alles siet ticht en fêst, dat se koene der net yn komme.

Noardburgum

duivelbanners
In bern fan myn sweager wie siik en it woe mar net better wurde. Doe gong hy nei P.P. in bikend duvelbanner. Dêr krige hy medisinen fan mei. Hy wie noch in ein fan hûs en dêr hearde hy in freeslike plof. En doe 't hy thús kaem wierne se allegearre fuort en de medisinen ek.
Doe gyng de frou nei P.P. ta.
Dy sei: "Dû woeste hjir net hinne nou?"
"Né", sei hja.
Hja hie krânsen út it hollekjessen mei naem. Dy sieten sa stiif yn mekoar, dat se hast net útmekoar to lûken wierne. Mar doe 't se op P. syn hân leine foelen se fansels samar útmekoar.
Hja krige wer medisinen mei. P. sei ek noch tsjin har:
"Astou thús komste sil B. - in âld tsjoenster - trije kear hoasfuotling by jimme om it hûs hinne rinne." It wier ek sa. Hja sei tsjin myn skoansuster: "Ha jo myn bern ek sjoèn?"
"Né."
"Hwer binne jo hinne west?"

Noardburgum