101 datasets found
Place of Narration: Noardburgum
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
Oan 'e Simmerdyk wenne in boer, dy hie in hynder. Dat beest hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje, dat hy hie elke moarn de knopen en flechten yn 'e moanjes sitten en hy dreau yn 't swit. "Ik woe wol, dat ik wiste hokker frommes him dat lapt," sei de boer, "dan stuts ik har mei de foarke yn 'e bealch."

teltsje:
Der wie us in fisker, dy wie nei de rivier ta gong om to fiskjen. Mar it woe net rjocht bite. Op it lêst, ja hear, doe krige er byt. Mar doe't er ophelle, brocht er in âld tsjettel nei boven ta. Dy tsjettel smiet er by him del en it sin wie der net better op woarn. In skoft letter hied er wer hwat oan 'e angel.
Mar doe wie 't in âld sek. De fisker krige doe sa bot de strael yn, dat fan kleare argewaesje liet er him mei in plof en in flokwurd derby foaroer yn 'e rivier falle. Hy kom op 'e boom tolânne. Mar dêr op 'e boom dêr sieten in pear mannen, dy soalden him ûngenadich ôf en doe smieten se him nei boven. Sa kom er wer op 'e Wâl.
Doe siet de frees der wol sa bot yn, dat hy hat noait wer fiske.

Noardburgum

Us heit wie ek in fûgelfanger. (dêrfandinne syn bynamme putter) Op in kear gong er nei Ljouwert ta en doe moest er mei de hounekarre oer in brêge. Mar hy koe de houn mei gjin mooglikheit foarút krije. Dat heit bigong to skouwen, mar it joech him hast neat, 't wie krekt as woarde der fan achteren oan 'e karre lutsen. Heit hime der oer doe't er der op it lêst oer hinne wie.
Even letter wie Jehannes njonken him. Hy gnyske. "Woe 't sapas net to bêst?" sei er. Doe wist heit dat Jehannes him dit mei syn kunsten lapt hie.

Noardburgum

Doe't Jehannes noch in jonge wie, gong it der us tige bot oan wei by harren op 'e souder. Syn mem gong nei de souder ta, mar dêr wie neat to sjen. Jehannes wie op it hiem. Doe hat se him fan 't hiem ôfjage. Jehannes koe as jonge de kunsten al.

Noardburgum

Jehannes Tsyske en noch ien wienen ris by de boer oan 't klaeimodderstruijen. Sy woenen beide och sa graech nei Feanwâldstermerke ta, mar sy koenen noait sa gau klear komme mei it wurk.
Doe kom de boer der oan.
Jehannes sei tsjin syn maet: "Wy geane der even by sitten."
De boer seach it wurk oer en sei: "Kom, jim ha alles al dien, sjoch ik wol."
"Ja", seinen se. En it wie op dat stuit èk dien. Tominsten sa like it, mar it wienen de kunsten fan Jehannes.
Sy gongen nei de merk ta. Mar de oare moarns, doe't de boer wer by de ikkers kom, seach er, dat der noch twa ikkers struid wurde moesten.

Noardburgum

By in boer wie in hiel lulke hiemhoun. Jehannes Tsyske kom dêr en sei tsjin 'e boer: "Hwat kin ik fortsjinje? Dan nim ik de houn mei oan hûs ta." Sy woarden it oer it bidrach iens. De houn, dêr't elkenien stjerrend binaud foar wie, roan as in hountje achter Jehannes oan oan dy syn hûs ta.

Noardburgum
Jehannes Meerstra woardde wol neamd Jehannes Tsyske of ek wol Jehannes Tsiisrinder. Dy smiet de kaerten tsjin 't bêdsket oan, dan bleauwen dy kaerten dêr sitten.

It wie achter Ljouwert yn 'e tiid fan 'e ûngetiid.
Der wie in pretsje yn it doarp, der woardde by dânse. In boerefeint, dy't by in boer wenne woe dêr graech hinne. Hy sei tsjin syn maet, doe't se yn 'e herberch sieten: "Wedzje, dat ik se aenst allegear stokstiif stean lit?" En mei dy wurden die er it ek. Al dy dânsers koenen net in foet mear forsette.
De kastlein sei: "Hjir is forkeard folk yn 'e herberch. Ik sil de saek slute."

Noardburgum

't Wie yn 'e winter en 't frear ta. Bokke de Boer syn heit Eise soe nei Ljouwert ta. Sy moesten it tolhek to Hurdegeryp passeare. Der kom ek krekt in Grinslanner mei in fanke foarby. It hountsje fan 'e tolgaerder koe dy Grinslander net ôfbliuwe. En ynpleats dat de tolgaerder de houn by him wei rôp, hie dy der nocht oan. Doe sei dy Grinslander: "'t Skeelt mij weinig dat ik je staan laat." En de tolgaerder stie dêr't er stie. It wie fleanende kâld.
Doe't se oan Ljouwert ta wienen, sei de Grinslander tsjin âlde Eise: "Soe er syn nocht hast fan it stean ha?"
Mar doe wie der gjin tolgaerder en gjin hountsje to sjen.

Hurdegaryp
Der stienen us in keppeltsje mannen by in apelbeam. 't Wie mei in pretsje. Doe kom der in man oan dy't se allegearre wol koenen. "Dy man kin wol hwat", seinen se. Se mienden dat er mear koe as in oar. Mar doe kom der nòch ien by stean. Dy sei: "Ik sil 't jim net wite, mar ik sil 't de apelbeam wite, hwant ik mat it dwaen." Doe gong in dei of hwat letter...

Op 'e Wâl roan us in grouwe kat. In feint skopte nei dy kat en rekke him ek. In hûs of hwat fierder wenne in âld-minske. Dy koe har yn fan alles foroarje en oeral trochkomme. Dat âld-minske wie de oare deis gewond.

Veenwoudsterwal

Der wie us in âld man yn Feanwâldsterwâl, dy sutele mei petroalje. Mar 't wie in tsjoenster. Hy ried by Tsjitse en Ké mei petroaljekarre en al troch 't slotsgat.

Noardburgum
Yn 'e Burgumerheide by Oostenbrug roan altyd in grouwe swarte houn by nacht. Dat wie in pleachbeest. Heit en ik binne dêr us lâns kom op in joune let. Doe wie 't al tsjuster. Wy hienen in pear drankjes ophelle achter Hurdegaryp wei. Doe't wy sahwat oan Oostenbrug ta wienen, sei heit: "Nou mastû achter my rinne, hwant wy matte net yn de fuotleasten fan dy...

In âld-minske mei in bôllekarre is us mei karre en al oan kant set.

Noardburgum
Der binne froulju, dy ha in pleachbeest binnen yn har lichum. Achter Ljouwert wenne in faem, dy't tige werke koe, by in boer. Doe't de frijer by har kom, siet se twa ûren lang dea op 'e stoel. It pleachbeest wie salang út har wei. Dat gong ta 't finsterke út. Dy feint hat it sels sjoen. Hy hat de boer der by roppen. Mar net sa gau wie it pleachbeest wer...

Der kom us ien fan Feanwâldstermerke, dat wie in greate opskepper en dy hie in moai stik yn 'e kraech.
Dy woarde ûnderweis nei hûs ta fan 'e iene sleat yn 'e oare smiten.

Noardburgum

Yn Feanwâlden ha se by ljochtmoanne-waer al us in gleone keardel sjoen.

Feanwâlden

Der wie in man, dy gong jouns faek nei lju ta to praten. Hy hie altyd in stok yn 'e hân. Meastal gong er let wer nei hûs ta. Doe fregen se him us in kear: "Binne jo net bang, altyd sa let op in paed en dan allinne?" Mar hy drige mei de fûst. "Dy't my tonei komt, dy sil 'k sa en sa", swetste er. En it iene flokwurd folge it oare.
Mar doe't er in stik lân del wie, stie der ynienen in greate keardel foar him. De man mei de stok sei: "Goeije navend", oant trije kear ta. Mar doe't er gjin antwurd krige ûnderhelle er de stok en bigong op to spatten: "Ik sil dy in wân jaen, godfordomme."
Mar doe woardde er sa bot smiten troch dy oare, dat hy is nei hûs ta krûpt.
Dêrnei gong er sa faek net wer fuort. En hy soarge der ek foar dat er earder thús wie.

Noardburgum

Op in joun stie der in ploechje jongfolk út 'e Westerein by inoar. Greate Hindrik wie der ek by. Doe woardde der ynienen samar ien by harren weinom, sûnder dat se seagen hwa't it die. Sy ha dy fint noait wer sjoen.

De Westereen