509 datasets found
Place of Narration: Kollumerzwaag

Op 'e Koatstertille wenne alear in man, dy koe tsjoene. Tsjin in jonge sei er: "Sjoch, dêr hast in dûbeltsje." En hy lei it foar him del. Mar de jonge koe it mei gjin mooglikheit fan 'e tafel krije.
Ut ien en deselde flesse tape dizze persoan brandewyn of jenever, hwat men mar leafst hie.
Hied er forlet fan drank, dan stjûrde hy in spylkaert út, Skoppenboer. Der woarde dan in flesfol brocht, mar hy mocht dy flesse sels net oankrije. Died er dat al, dan gong er dea.
It wie fansels net goed fan sokke drank in slokje to nimmen, mar goaide men it earste romerfol fuort, oer it rjochter skouder hinne, dan kom der jin neat fan oer. (opm. A.A.J.: it sil wêze moatte lofter skouder.)

Kollumerzwaag

To Koatstertille wenne in kûper, dy syn wiif koe tsjoene. Sy wie der hiel faek yn 'e nacht op út. Op in nacht, doe wie se wer fuort en doe foun de kûper op bêd, op it plak, dêr't se lein hie, in kouwepânse.

Kollumerzwaag

Der wie in frou, dy roan de Wedze lâns. Sy seach oan 'e kant in wêzen lizzen, dat hie egen as thékopkes en sa gleon as koallen fjûr. It wie by ljochtskyndei.

Kollumerzwaag

Op 'e Sawnbulten wenne in âld bryk wyfke, dat kwealik roan. Mar likegoed, troch har swarte kunst wie se samar in ein út 'e reek. Har eigen man wie bang foar har.

Kollumerzwaag

Ien út Twizelerheide seach us seis tsjoensters om in man hinne stean. Dy man stie dêr to smoken. Hy smookte út in blauwe pyptsjettel mei stiif mûlstik. Hy kom fan 'e Sweachster Bosk. Sy hâldden dêr in forgadering.

Kollumerzwaag
To Eastemar wienen twa manlju oan it murdzjen. "Hark," sei de iene tsjin 'e oare, "dêr sjonge froulju." Hja dêr hinne, mar doe siet der in keppel katten yn 'e beam, dy't songen, krekt as wienen it froulju. It wienen echte sankjes, dy't se songen. De manlju setten it hurd op in rinnen.

Der wenne in man yn Kollumersweach, dy hie lêst fan 'e katten. Op in kear wienen der mar even 12 katten tagelyk by him om 'e doar. Ien wie in gielen, de oaren wienen swart. De giele skeat er yn 'e hals. Alle katten naeiden doe út, mar in âld wiif út 'e buert krige it dyselde deis yn 'e hals. Sy hat noait wer goed west.
Doe't se kom to forstjerren, wie se 24 ûren neitiid nòch waerm.

Kollumerzwaag

Yn Twizelerheide wenne in man, dy koe tsjoene. Hy hie us in kear sawn katten foar it glês. De skrammen fan har neils sieten der letter yn. De man gong nei bûten ta, de katten naeiden út. Mar hy krige se op 't spoar. Der wie ien hazze tusken dy sawn katten. Dy hazze krige er to pakken. Hy sloech him dea en hat him doe persint jown oan 'e buorlju. Dy ha him tabiret en bipluze, mar sy ha har letter it hart hast út it liif koarre.

Kollumerzwaag

Oan it Wyldpaed seach men in âld wiif mei in bolkoer it lân oerfleanen. Sy fleach as kat troch it dak hinne.

Kollumerzwaag

Yn Feanwâlden stie in plaets, dêr kommen yn 'e nacht deade minsken by de doar. Dy minsken wienen al jierren lyn stoarn. Dêr wie froeger hwat forpraet woarn, dat men net neikom hie.

Kollumerzwaag

Sahwat yn 'e midden fan 'e foarige ieu roan Sjoerd Klazes Nicolai us in sânpaed lâns to Eastemar. Hy strampele oer in sleat, doe kommen der him 3 neakene berntsjes op side, dy't gâns in skoft mei him oproannen. Mar sy seinen net in wurd en sy binne op it lêst ek stil wer wei woarn.

Kollumerzwaag

Yn Twizelerheide sei in famke us op in joun tsjin har mem: "Sy ha âlde Antsje ek al biklaeid." Sy hie 't sjoen. Mar de oare moarns leefde Antsje noch. Mar in dei of hwat letter is âlde Antsje samar ûnforwachts forstoarn.

Kollumerzwaag

To Twizelerheide lei yn 'e nacht in man op bêd. Doe seach er, dat der in kiste by him ta 't hûs yn brocht woarde. Hy tocht: "Soe ik dêr yn matte." Mar in wike of hwat letter kom der in dochter út 'e Hamsterheide by him útfanhûs. Dy kom dêr ûnforwacht to forstjerren. Sy brochten de kiste ta de keamer yn krektlyk as hy it sjoen hie.

Kollumerzwaag

Der lei in skipper to Skûlenboarch yn it Knjillisdjip. Hy kom to Jistrum by in moalker. Hy sei tsjin dy moalker: "Dat hûs dêr by de tsjerke, dat stiet der joun net mear." Dyselde middeis brânde it op.

Kollumerzwaag
Achter de Ham by in poel hearden guon minsken us de stimmen fan twa bern. Letter binne dêr twa bern fordronken.

Yn 'e oarloch fan '14 op '18 wie in soldaet op reis nei hûs ta mei forlof. Hy wenne yn Kollum.
Doe seach er ûnderweis it kistje fan syn eigen bern. In dei of hwat letter kom it bern to forstjerren.

Kollumerzwaag

Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.

Kollumerzwaag

Yn 'e foarige ieu wenne Sytse Koster yn 'e Hamsterheide. Hy wie arbeider by Wilco Buning yn Eastemar. Hy wie us oan 'e Boskwei oan 't wurk. Doe seach er in lykstaesje. It wie ljochtskyndei. De kiste stie op 'e wein en der lei in wyt kleed oer de kiste hinne. It wie dus in kreamfrou. De lykstaesje roan him foarby.
Koart dêrnei forstoar der in kreamfrou to Eastemar. Mar dy lykstaesje seach der hiel oars út. Dy wie it net. Letter stoar der wer in kreamfrou. En noch letter forstoar in trêdde kreamfrou, mar Sytse Koster hie in oare lykstaesje sjoen.
20 jier letter forstoar syn snoars yn 'e kream. Dy wie it. Alles wie krekt sa't hy it sjoen hie.

Kollumerzwaag
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy syn frou kom to forstjerren. Op in kear gong hy de wei út, doe roan se njonken him. Hy sei: "Gean mar werom; ik wyt wol hwerst' om komste." Doe hat er datjinge dien, hwat er salang neilitten hie.

Op it Wyldpaed is foar in 60 jier (± 1890) in gleone bol sjoen woarn.

Kollumerzwaag