Myn skoanâlden - Sytse Jager en 't wiif - wennen yn 'e Harkema yn in húske, dêr't nou de febryk fan Spimeta is.
Skoanmem hearde dêr nacht op nacht de timmerman oan 't wurk. 't Gong der altyd mar op in timmerjen.
"Sytse, mast ris hearre," sei se tsjin skoanheit, "sa timmerje se hjir." Skoanheit hearde it èk.
Koarte tiid dêrnei ha se in nij achterein foar 't fé oan 't hûs krige. Dat wie it timmerjen.
Froeger kom it folk dat op 'e Grinzer klaei arbeide faek mei de koarts wer thús. Der hat in man west, dy koe de lju de koarts ôfnimme. Ik wyt dat it wier is. Hy brocht dan de koarts oer op in houn. Sa'n beest hie dan de koarts en bigoun to huverjen, mar de man wie genezen.
Alde Boardzer Bruining (_) fan 'e Boelensloane seach lykstaesjes en dan duorre it mar even, dan wie der yn werkelikheit in bigraffenis. Hy wie mei de helm geboaren.
Der wienen ris guon oan 't striemennen. De weinen fol strie rieden oer de skuorrereed. Doe't it oan 'e lêste wein ta wie koe 't hynder der net mear foar, dêr wie gjin rûmte foar.
Trije man soenen 't lêste foer yn 'e skuorre lûke.
Doe kaem Hearke dêr lâns. Doe fregen se Hearke: "Wolle jo even meihelpe to skouwen?" Hwant hja koenen 't mei har trijen net rêdde.
Hearke sei: "Ik sil 't tiksel wol krije, dan matte jimme mar skouwe."
Hearke krige it tiksel en luts de wein ta de skuorre yn. Doe't er him to plak hie sei er tsjin 'e trije mannen: "It hinge nochal hwat, net?"
(De mannen hienen net skoud, mar der oan hong. Hja hienen it tsjinhâlden.)
Yn 'e Houtigehage roun in houn yn 'e dykswâl om mei in koperen tabaksdoaze dwars yn 'e bek. Dy roan dêr mar hinne en wer. In spoekhoun. Hy joech ek lûd. Guon dy't him dêr ris seagen, woarden sa binaud, dat sy fluchten meielkoar op bêd.
Hjir wenne in boer yn 'e omkriten dy koe gjin bûter krije. De tsjerne wie bitsjoend. Doe gong er nei in mantsje ta yn 'e Koezumer, dy wist oeral ried op en dy sei: Jo matte jou bihoeften yn 'e tsjerne dwaen en dan krekt sa lang bjinne en skjirje dat de lucht der hielendal ôf is.
Frijmitselers wienen kûgelfrij. Hja hienen in forboun mei de duvel en hienen dêrtroch noait forlet fan jild. Dy't ienkear lid wie koe der net wer by wei. Om de safolle jier moast der ien fan har dea. Der woarde om lotte hwa't him formoardzje moest.
Alle fûgels wienen ris in kear byinoar. Se woenen in koaning ha. Der woarde ôfpraet, sy soenen in wedstriid hâlde en hwa't dan it heechste fleane koe, dy fûgel soe koaning wurde.
Alle fûgels fleagen omheech. Ek de adelaer. Mar dy hie in lyts fûgeltsje ûnder 'e fleugels sitten. Dêr wist er sels neat fan. De adelaer koe it bêste fleane en wie it heechste. Doe't er dan net heger koe en wer nei ûnderen ta soe, kom dat lytse fûgeltsje gau ûnder syn fleugels wei en fleach noch even heger.
Doe hie dat lytse fûgeltsje de wedstriid woun. En doe krige dat fûgeltsje de namme fan winterkoaninkje.
Der wie in frou, dy bihandele har man net sa bêst. Hja die altyd alles tsjin 'e stroom yn.
Op in kear rekke dy frou yn in beekje. Doe soe har man har der út helje, mar hy koe har noait fine.
"Man," seinen se, "jou sykje op 't forkearde plak. Hja wurdt troch de beek meinom."
"Welné," sei de man, "myn wiif docht alles tsjin 'e stream yn." En hy foun har net.
Swarte spegels hie men froeger op 'e merk. Dy't der yn seach krige it portret fan syn takomstige frou to sjen.
