As bern waerden wy altyd warskôge: "tink der om, rin by nacht noait midden oer 't paed. Dan kin jim wolris in rare reis meitsje, as jim oan kant reage wurde troch in lykstaesje."
Fan Jistrum nei Skûlenboarch, oan 'e Keale wei, der roan ris ien op 'e lette joun, dy kaem út 'e kroech to Skûlenboarch wei. Hy hie dêr yn dy kroech sein: "Ik bin foar gjin duvel bang", en doe waerd er even letter, ûnderweis sa bot hinne en wer smiten, dat hy wie mear dea as levend, doe't er yn Jistrum oankaem.
De frijmitselders kinne mei de deaden prate. Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselers dea. Der wurdt om lotte hwa. Dyselde mat him dan sels fan kant meitsje. Tsjibbe Gearts fan Burgum hat dat ek dien. Dy't ien kear frijmetseler is mat dat syn hiele leven bliuwe. Hy kin der noait wer by wei. Hy is forkocht oan 'e duvel. Dy soarget der ek foar dat er altyd jild hat. De iene helpt de oare altyd. Frijmetselders binne kûgelfrij.
Hearke wie in kear oan 't dongladen. It hynder foar de wein wie net sa sterk en koe it weinfol stront net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en luts doe mei ien hân de folle wein út it skerngat wei.
Yn 'e Houtigehage hat in tsjoenster in man deatsjoend, dy hie trije krânsen yn 't kessen.
Der binne tsjoensters, dy hâlde der popkes op nei dêr't se mei greate spjelden yn prippe. Har slachtoffers moatte it dan ûntjilde.
Der ha hjir lju wenne dy binne nei de Westerein forhuze. Dy lju har heit hie gauris lêst fan in nachtmerje. Hy prebearre altyd har to fangen, mar dat koed er noait oprêdde. Mar op in nacht, doe krige er har by 't hier.
"En nou silst sizze hwa'st biste, oars stjerst hjir fuort!" sei er. Doe fortelde se, hwa't se wie; hja wenne dêr mar in pear huzen ôf. Mar tagelyk ûntglipte se him, hwant sy wie sa glêd as in iel.
As in nachtmerje der op út giet, bliuwt it omhulsel thús. Hja sit as dea op 'e stoel of sa leit hja op bêd. It giet har ta de mûle út en it komt der ek wer ta'n yn.
Doe't ús mem op har stjerbêd lei koe se net ta stjerren komme. Doe frege ien fan 'e beide froulju dy't by har wienen of se wolris hwat op snein naeid hie. Dat wie it gefal en hja hie dêr hwat fan oan. Doe waerd dat lostoarnd en doe stoar se samar.
Der wie in fanke, dat wenne by har beppe yn. It âld minske hie in toverboek. Op in kear siet se by de tafel to sliepen. It boek lei op 'e tafel. Doe krige it fanke it boek en bigong der yn to lêzen. Wylst kom der allegear libben guod ta de hurddobbe út.
Doe't it âld minske wekker woarde sei se tsjin 't fanke: "Gau, gau, siz my, hwatstû lêzen haste." It fanke wiisde it oan, en doe bigong har beppe dat achterút to lêzen. Alle libben guod rekke doe wer yn 'e hurddobbe.
Der wie in hear, dy hie in greate saek en ek in knecht. Op in kear kaem er op it tsjerkhôf en doe lei dêr in deadskop. Hy skopte dy deadskop foar him út mei in great flokwurd derby. En hy sei tsjin dy deadskop, hy koe dy jouns wol oan syn dis komme, dan koed er syn mage fol meitsje. De jouns om acht ûre waerd der skelle by de hear. De knecht gong nei de doar ta. De hear sei: "Hwa foar den duvel mei dat wêze."
Dy oan 'e doar frege of de húsbaes thús wie. "Ja," sei de knecht, "dy sit yn 'e keamer." De knecht soe werom troch de gong nei syn baes ta, mar de oare wie him al foar. Doe't dyselde yn 'e keamer kaem skrok de hear net in bytsje, hwant it wie net in gewoan minske, mar ien mei greate klauwen. Hy krige de hear by de kladden en naem him mei. It wie de duvel.
(Dit verhaal wordt als lied beschreven in 'De Nieuwe Overtoomsche Marktschipper' A.A.J.)
Der wie in faem, dy tsjinne by in hear en in frou. 't Wie ien dy't net botte gau binaud wie.
Op in kear wienen de hear en syn frou útfanhûs. Doe wie dy faem allinnich thús.
De nachts slûpten der trije rovers ta 't hûs yn, dy't alle kostberheden lyk as goud en sulver ensa pakten en dat yn sekken oerdienen.
Sy seinen tsjin 'e faem, sy moesten in eintsje tou ha om de sekken ticht to binen.
De faem sei: "Achter yn mynhear syn tún stiet in hok; dêr is wol tou yn om 'e sekken ticht to binen."
Doe gongen dy trije dêrhinne.
Mar de faem die gau alle doarren fêst en doe foun se mynhear syn sabel.
De ynbrekkers kommen werom mei it tou. Mar alle doarren sieten fêst. Doe sei ien fan 'e rovers: "Under 'e drompel troch grave." En dat dienen se.
Mar de faem stie klear mei de sabel, dy't se foun hie. En doe't de earste ûnder 'e drompel troch krûpe soe, en syn holle al binnen hie, sloech hja dyselde de kop der ôf. Doe luts se syn lichum nei binnen ta. Mei de twadde die se krekt allyk. Mar de trêdde ûntkom har. Dy luts noch krekt op tiid de holle tobek. In stikje fan 'e plasse sloech se der ôf. Hy makke gau dat er fuort kaem.
De hear en de frou priizgen de faem tige fanwege har moed, doe't se wer thús kommen en de faem woardde ryk bileanne.
In jier of hwat letter kom der in mynhear mei in rydtúch oanriden. Dy frege de faem of se ek mei woe to riden. De faem seach net dat it deselde wie, dy't se de plasse ôfhoud hie, hwant hy hie in hoed op 'e holle.
Sy nom it forsyk oan en sy rieden fuort.
Doe kommen se in mynhear tsjin en dy lifte de hoed. Doe die dyselde njonken har it ek. En doe seach se, dat er in stik fan 'e plasse miste. En doe krige se yn 'e gaten hwa't it wie.
Sy woe der graech út, mar dat mocht net. Se rieden fierder.
Doe't se by de man thús kommen, wienen dêr trije dy't har opwachten. Der stie al in greate tonne mei siedende oalje klear, dêr't se ynsmiten wurde soe.
Dat soe de jouns gebeure, hearde se.
Hja woarde mei touwen fêstboun. De trije lieten har allinne, de mynhear sûnder plasse wie ek fuortgong. Doe kom dêr in lyts jonkje oan. Dy bikocht se mei in lyts meske. As it jonkje har dermei lossnijde, mocht er it meske hâlde. It jonkje makke har los en sy naeide út.
Sy helle in moalwein yn en sy frege oft se mei ride mocht. Sy fortelde hwat der gebeurd wie mei har en de man forburch har sa goed er koe yn 'e wein.
Even letter, doe kommen der guon, dy hâldden de moalwein oan. Dat wienen de trije rovermaten. Dy fregen de man of er ek in faem sjoen hie dy't der sa en sa útseach.
Mar hy sei né en sa is se feilich thúskom.
Hjir tichteby wenne in húshâlding fan fjouwer minsken, dy soenen mei maeije nei de strjitwei forhúzje.
Doe kom Jehannes op in kear by har en sei: "Jimme geane dêr net mei jim fjouweren hinne, mar mei jim trijen." Sa is 't ek gebeurd. De man stoar noch yn 't âlde hûs. Jehannes hie dat fan tofoaren sjoen.
't Wie op in joune mei min en tsjuster waer. De boer siet by 't fjûr, doe kom der noch ien oan 'e doar. De boer gong der hinne en doe stie dêr in frommes. Dat frege of se dêr dy nachts bliuwe koe.
Dêr hie de boer gjin biswier tsjin. Sy kom ek by 't fjûr to sitten.
In skoft letter woardde der wer kloppe. Doe wie dat in man op in hynder. Dy frege ek al of er dy nachts dêr wol sliepe koe.
Dat woarde èk tastien.
Doe kom dy man èk by 't fjûr to sitten. Mar doe sei dy man letter tsjin 'e boer of er even mei nei bûten komme woe. Doe sei er tsjin 'e boer: "Dat frommes, dat is in keardel yn frouljusklean."
De boer woe 't net leauwe.
"Ha jo apels?" frege de ruter.
"Jawol", sei de boer.
"Nou, dan smite jo ús aenst allegear in apel ta. As in manskeardel hwat opheint slacht er de knibbels nei elkoar ta. As in frommes hwat opheint, docht se de knibbels fàn elkoar."
De boer smiet se allegear in apel ta. En dyselde yn frouljusklean sloech de knibbels nei elkoar ta.
Doe wie 't dan biwezen dat it in man wie.
It woardde bêdtiid. De ruter sei: "Ik wol fannacht fóár myn hynder sliepe." Mar dat die der net. Hy krige in bosk strie en dat klaeide er hwat oan, en dat lei er foar it hynder del. Mar sels gong er boven de krêbbe sitten by syn hynder mei de revolver klear. Hy bleau wekker. De boer en de frou èk.
Der forroan hiel hwat tiid.
Doe kom dyselde yn 'e frouljusklean der oanslûpen, krige in skerp mes út 'e bûs en joech dêr de striepoppe in stek mei, wylst er sei: "Sjesa, dat is al ien dea." Mar opslach skeat de ruter syn revolver ôf en de oare hie der west.
Doe seach de ruter de bûsen nei fan de moardner. Dêr siet allerhande moardnersark yn en ek in fluitsje.
De boer en de frou wienen der al gau by en doe bisluten se to fluitsjen op it moardnersfluitsje.
In man of trije, fjouwer kom op it fluitsjen tasetten. It wienen rovers, dy woenen de biwenners formoardzje en alles leechplunderje.
Mar sy woarden allegear fan kant makke en de boer hat de oare deis de liken yn syn lân bidobbe.
To Visvliet wie in plak, dêr koe net in skip fêstlizzen bliuwe. Dat plak, dêr roan in hage bylâns. Der lei in skipper, dy fornom al faker as ien kear, dat in jonkje en in famke it anker fan 't skip losmakken en dat op it dek smieten. Dêrnei krûpten se achter de hage wei. Altyd lei de skipper los.
Doe gong dy skipper us in kear nei de dûmny ta en lei him it gefal út.
De dûmny woe der wol mear fan witte en biloofde dat er de beide bern oansprekke soe.
Hy gong nei de skipper ta op it skip. Doe sei de skipper: "Sjoch, dêr komme se oan."
Doe frege de dûmny: "Hwerom dogge jimme dit?"
"Omdat wy hjir formoarde binne en gjin bierklean krigen ha."
Doe moest dûmny bilove, dat se bierklean ha soenen. Dêrta moest er it earste it bêste frommes oanhâlde dat er trof. Dat frommes moest it guod keapje. De dûmny die lyk as him frege woarde en hy hat de bierklean by de skipper brocht. Dy lei it pakje op it dek. Dêr ha 't jonkje en 't famke it weihelle en nei dy tiid hat de skipper noait wer lêst hawn (fgl. Bokke de Boer)