101 datasets found
Place of Narration: Noardburgum
Jehannes-tsyske liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to marsjearen. Hy liet de tafel ek dounsje en de kachel ek.
Minsken dy't in helm ha fan in pasgeboaren bern, binne kûgelfrij. As se de helm net goed by it bern wei helje, mat it bern letter alles sjen.

Yn Jistrum, oan 'e Iestwei, wie in skeanpaedtsje, dêr't in wyt húske oan stie. Dêr spûke by nacht altyd in frommes mei in jok mei amers. Hja wie yn 't wyt klaeid en stie stil.

Noardburgum

Sjoch net tofolle yn 'e spegel, oars kin de duvel dy de kop omdraeije.

Noardburgum
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.

Piter Kooistra fan Jistrum wenne oan 'e Iestwei. Dêr op 'e Iest hat er in âld man formoarde. 't Wie âlde Liuwe.
Krekt fan tofoaren wie er mei skoanheit oan 't kuijerjen - hja hienen nei de buorren ta west. Doe ynienen seach skoanheit in swarte streek dwars oer de hiele wei hinne. Doe koed er net fierder.
"Hwerom giestû net fierder?" hie Piter frege.
"Ik kin net", sei skoanheit. En sa wìe 't èk, hy kòe net.
Fuort dêrnei hat Piter âlde Liuwe formoarde.

Noardburgum

Hjir yn Burgumerheide wenne in âld-minske, dat wie in tsjoenster. Dat minske praette mei de kij en dy kij praetten werom.

Noardburgum

Wy ha hjir in sekere Abraham-potkarre hawn, dy reizge altyd nei Ljouwert ta mei hounen foar de karre. Op in kear wied er wer ûnderweis, doe wie Jehannes tsyske ek op stap nei Ljouwert ta. Jehannes wie to foet.
Doe wie âlde Abraham mei de karre oan 'e Bonke-brêge ta west, dêr wie Jehannes-tsyske. Doe bleauwen de hountsjes stean. Dy woenen net in stap fierder.
Doe sei Jehannes tsjin âlde Abraham: "Wolle de hountsjes net mear rinne, Abraham?"
"Né," sei Abraham, "sy bliuwe stean; ik ha 't noch noait sa hawn." Doe sei Jehannes: "Sil 'k ris sjen, as se foar my ek rinne wolle?" Doe sette er de iene hân oan 't hantfetsel fan 'e karre en dêr fleagen de hounen wer hinne. Doe moest er sels ek mei ride. Underweis bleauwen se wèr stean.
"De hounen wolle wèr net, Abraham", sei Jehannes. Mar fuort dêrnei liet er se wer rinne en doe hat er se net wer stean litten.

Noardburgum

Sjouke-petroalje wenne hjir ek yn Burgumerheide. Dat wie in tsjoenster, seinen se. Hy is op in kear mei de hounekarre mei de twa hounen der foar by minsken troch 't kaeisgat flein, op klearljochte dei. It hier fan 'e hounen siet letter noch yn 't kaeisgat. Der binne minsken dy't it sjoen ha.
Dy minsken dêr't er troch 't kaeisgat fleach hienen krânsen yn 'e kessens hawn. Dat hie syn wurk west. Dy krânsen ha se forbrând. In eintsje fierder wennen èk âlde minsken, dy't er bitsjoend hie. Se ha de plysje der noch by hawn.

Noardburgum

Der wurdt altyd sein: traepje noait op in pod, oars komt der tonger.
Guon dy't oan tafallen litte, moatte in pod op it boarst ha krekt sa lang oan't dy hielendal fordroege is.

Noardburgum

To Hurdegaryp, by it hûs fan dokter Bontekoe stiet in hekke, dy kinne se nachts net ticht hâlde. Hwat se der ek oan dogge, hy stiet de oare moarns grif iepen.

Noardburgum

Hjir yn Burgumerheide wenne in âld-wyfke, dy wie by jountiid ris in kear bûtendoar, doe soe se nei hûs ta. Hja gong in smel reedtsje del en doe seach se dêr hwat. It wie hwat swarts. Hja koe net sjen hwat it wie, mar it forweegde en it makke har rare bang. Doe sei se: "Is 't fan de Heare, kom ta my, en is 't fan 'e Satan, wyk fan my."
It gong fuort. Doe makke se hurd dat se thúskom, deabinaud.

Noardburgum
Wol men in tsjoenster keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.

Hjir ha ek âlde minsken wenne, dat wienen Tsjitse en Ké. Dy koenen mei de hoanne en de hinnen en de kij prate. As Ké de aeijen út it hok helje soe, seinen de hinnen tsjin har:
"Wy lizze hjoed net."
En in kou dy sei: "Goeije morgen, Tsjitse."

Noardburgum

Jehannes koe krekt sizze hwat jo yn 'e bûse hienen.
As er gjin jild mear hie, dan hong er jouns it lege ponkje oan 'e bêdsdoar. Dan wie 't de oare moarns wer fol. Dêr soarge de duvel foar.
Hy koe de minsken stean litte. De froulju liet er de rokken ôfsakje. Mar hy die gjin minske kwea.

Noardburgum

By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se der mei oan 't graven wienen om dy kiste der út to krijen, koenen se dat noait rêdde, hwant as se op 'e kiste stompten, dan sakke dy wer fierder yn 'e groun. Hy kaem noait boven.

Noardburgum

Hjir hat in skoaljuffer wenne, dat wie Foekje v.d. Bos. Dy wie mei de helm geboaren. Dy gong der yn 'e nacht op út om lykstaesjes to sjen. Hja mòest it dwaen.

Noardburgum

Piter Koop wenne yn Burgumerheide. 't Wie in raren, in flokker en in spotter. Hy kaertspile in bult. Op in kear kaem er by syn maet wei. 't Wie op in nacht. Doe kaem der ien njonken him yn 't swart mei in cape om; dy roan tsjin him oan. Dy sei neat. Hy waerd sa bang, dat hy trille as in blêd oan 'e beam, doe't er thús kaem.

Noardburgum

Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen, doe kaem der in man by him op it lân.
"Hwer ergens wennet hjir Sterke Hearke?" frege er.
Hearke tilde de ploech mei ien hân op en sei:
"Dêr wennet er en hjir stiet er."

Noardburgum

Op 'e merk yn Ljouwert hienen se soms in swarte spegel. Twa feinten út Burgumerheide gongen dêr ris hinne. Hja seagen beide yn 'e spegel. Doe seach de iene syn faem en de oare seach in deakiste. De iene is mei dy faem troud, de oare troude net, mar stoar.

Noardburgum