26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: De Westereen
Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Men mat kaf struije of moal, dêr kin men de nachtmerjes mei keare.
nl.verhalenbank.20576
Harke Woudwyk wenne mei Gels syn suster yn 'e Westerein. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en dy soldaetsjes bigongen dan op 'e tafel to dounsjen.
nl.verhalenbank.17494
Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har. Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er. Heit en dy seinen: "Dat treffe...
nl.verhalenbank.17480
Us heit fortelde, yn 'e Westerein wenne in man, dy siet faek yn 'e kroech. Dan sûpte er him dronken en hie er raer praet dêrby en gong 't op in flokken en kettermintsjen. Op in joun kom er út 'e kroech, doe woarde er ûnderweis troch de duvel keard. Hy mocht net oer 't paed rinne en moest troch de sleat. Dweiltrochwiet is er thúskaem.
nl.verhalenbank.36328
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Op snein mat men noait hwat naeije, hwant krijt men op jins stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin men net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38488
Doe't Knjillis Veenstra noch feint wie, hied er mei trije man der op út west. Hy wie in blaffer. Hy sei, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kommen se de Wedze lâns. Hy roan tusken dy trije kammeraden yn. Mar hy woarde der tuskenwei tild en yn 'e sleat smiten. Knjillis Veenstra wenne by 't spoar ûnder Kollumersweach.
nl.verhalenbank.19452
Ik ha mei in man wurke op 'e flaeksfabryk yn Bedum. Dy man kaem fan Twizelerheide. Hy fortelde my, hy fytste us op in saterdeijoune nei hûs ta. Hy fytste midden op 'e wei en wie sahwat yn Twizelerheide by de âlde staetsskoalle, doe woarde er samar mei fyts en al optild, sa sweefde er troch de loft en waerd pardoes op 'e kop yn 'e sleat smiten. Der wie net...
nl.verhalenbank.19334
Oan 'e Boppewei spûke in âld man. Dêr mat in protte jild yn 'e groun sitte. Mar sy kinne 't noait krije. As jy de kiste reitsje mei de lodde sakket er fierder yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.36664
Yn 'Ons Huis' yn 'e Westerein wenne Hoedemaker. Dy krigen in poppe. Hja krigen de molke altyd fan Piters Willemke. Mar Willemke, dat wie ek in greate tsjoenster. Dy molke moest de poppe drinke. It bern waerd siik. Doe sei myn suster Pytsje tsjin Hoedemaker: "Tink der om, jimme bern is bitsjoend. Willemke, dat is in tsjoenster. Jimme poppe giet dea as...
nl.verhalenbank.29744
Guon wurde mei de helm geboaren, dy sjogge letter altyd lykstaesjes. Hja geane nachts faek út bêd wei om der nei to sjen. Tink der om, seinen se froeger tsjin ús, net midden op 'e wei rinne. Oars kinne jim yn 'e sleat smiten wurde.
nl.verhalenbank.36670
Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje. Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod. As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
Alde Thomas Clare wie kaertlizter. Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen. Mar ik koe alles hearre. "Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy." "Nòch ien, dy wol der tusken." "D_ is wòl fortroud, d_ nèt." "Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts." Hja krigen beide in poppe.
nl.verhalenbank.25142
Hjir yn 'e Westerein wie in man, dy hie ek altyd lêst fan in nachtmerje. Hy wenne yn 'e Tsjerkestrjitte. Op in kear hied er moal struid foar 't bêd, en dêr hat er dy nachtmerje mei fangd. Doe koe se net wer fuortkomme. Doe wie 't de dochter fan tige wolstelde lju, dy't dêr de oare moarns by de tafel siet. Hja liet him bilove dat er [it] net tsjin oare...
nl.verhalenbank.29778
Traepje net op in slak, oars bigjint it to tongerjen. Meitsje net in kikkert dea, oars bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36880
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.29787
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29793
Yn dyselde tiid lei myn frou dêr ris ier yn 'e moarn op bêd. Hja moest der altyd om 4 ûre ôf om de arbeider yn to litten. Doe wie 't ris op in moarn 3 ûre. Hja hearde dúdlik de fuotstappen fan 'e arbeider en fuort dêrnei de klink fan 'e doar. Hja der ôf om de arbeider yn to litten. Mar doe't se by de doar kaem wie der neat. Hja gong wer lizzen. Krekt om 4...
nl.verhalenbank.36843