8 datasets found
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Buitenpost
Dy't de koarts kwytreitsje woe moest it boarst en de hals ynsmarre mei reade jiske.
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
As in keal geboaren woarde, struide men it roggekerls oer de rêch. Dat bihoede him foar sykte en ûngemakken.
Hat men pine yn 'e mûle, dan mat men in stikje út in flearbeam snije, dêr in punt op slypje en dêrmei yn 'e kies ompeuterje oant der bloed komt. Dan mat men dat stikje wer yn 'e flearbeam dwaen. As it goed is, giet de beam út. De flear hat heilich hout, dat brânt men net op.
As men gjin koarts ha woe, moest men sizze: Koorts, koorts, ik ben niet thuis, ga maar naar een ander huis. De koarts kin ek by in minske forrotsje. De koarts stonk altyd. Men kin de koarts ek útspije.
Tsjoensters krije gjin fâlden om 'e kop. En as har hwat skeelt binne se samar wer genezen. Hwant dan tsjoene se gau even ien dea.
Wy wennen doe noch yn Lytsepost (Lutjepost onder Augustinusga). Ús mem wier siik. Trije jounen siet der doe in swart hountsje by ús hûs to spûkgûlen. Doe is mem forstoarn. Wy ha it hountsje nea wer heard of sjoen.