Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Stammerige Harm wie sa'n frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hy hat syn âld wiif ôfgryslike min bihandele. Werke die er net, mar hy socht hynstestront op. Hy hie altyd wol jild om hannen. Wie de ponge leech, dan hong er him op en even leter hied er wer in folle pong. Dy't ienkear...
Twijzelerheide
Der wie in koaning, dy frege in kamerdienaar. Der wie in man dy like it wol moai ta by de koaning yn 't paleis to kommen. Hy gong dêr hinne en doe kaem er earst by de poart. Dêr stie de wacht. Dy frege him hwat er moest. Hy sei: "De koaning freget in kamerdienaar en as sadanich bied ik my oan." "Hoe hite jo?" fregen se. "'Drie uren ver' is myn namme", sei...
Twijzelerheide
Yn Twizelerheide wennet in frommeske, dat is mei de helm geboaren. Nachts mat se der ôf. Dan wurdt der kloppe. Dan mat se wer hwat sjen.
By pake en beppe to Jistrum hat us in man west, dy moest stelle. 't Wie in sekere Japik Ingberts. Sy wosken by pake en dy in koperen earnamer. Japik Ingberts kaem by harren. 't Wie in aerdige keardel. 't Wie al hast tsjuster en 't ljocht hie op matten. De blinen moesten fan bûten ticht. "Ik sil jimme blinen wol even ticht dwaen", sei Japik Ingberts. Mar...
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs.
Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
Mem hat us by in kaertlizter yn Ljouwert west. Dy hat tsjin mem sein: "Hwat krije jo in swier jok to dragen, frou. Mar hâld de moed der yn." Mem hat heit al jong forlern. Sy bleau sitten mei njoggen bern. Hja hat it o sa swier hawn. De lju gongen ek wol nei Thomas' Clare, mar dy koe 't sa goed net. Dy seach yn 't kofjedik (anderen vertellen dat ze kaarten...
Twijzelerheide
Tseard Veenstra syn frou Antsje (B65-168, 169) foel us in kear yn 't hokje mei 't gesicht op 'e baelders. Hja wie doe al widdou, har man Tseard wie overleden. Antsje har gesicht wie alhiel iepen, sa raer wie se delkaem. Yn 'e nacht op bêd waerd der tsjin har sein: Dû mast dyn gesicht waskje mei it lapke, dêr't se Tseard mei wosken ha, doe't er ôflein...
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
Ik siet froeger bot yn 'e earmoed. 'k Hie trettsjin bern, twa wienen stoarn. 't Kaem o sa krap om. Op in kear kaem myn suster Hiltsje by ús (= H. Reitsma- Wijbinga, Koaten B65-267, 273, 274, 280) Doe't se wer fuortgong brocht ik har in eintsje. Doe lei se my de hân op 't skouder en sei: "Hiske, dû hast dyn greatste earmoed hawn, hear!" Hja hat it goed...
Twijzelerheide
Op in kear siet der in reabonte kat by my oer 't hûs. Hy siet achter op syn kont, midden oer de keamer. De beide poaten die er krúst foar de kop lâns, hyltyd mar hinne en wer. Ik tocht: "Dû bist in tsjoenster." Krekt as waerd it my ynjown. Ik die de doar ticht en krige de tange. Doe ik achter dy kat oan. De kat fleach fjouwer kear by de gerdinen op en...
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen." "Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
Twijzelerheide