9 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Jistrum
Wylde lantearnen binne foartekens fan huzen of fytsen of auto's.
As 't net bûterje woe, dan wie de tsjerne bitsjoend, seinen se. De tsjernmoune bigong soms nachts samar út himsels to draeijen. Dat wie foartsjirmerij.
Hindrik en Durkje en frou van Peursen wennen njonken elkoar hjir op 'e Iest. Dy hearden op in kear de moune kreakjen. Sa mar út himsels. Neffens dy beide froulju soe der hwat slims achter wei komme.
Rin noait midden op 'e wei by nacht, seinen se froeger. Dan wurdt men miskien oan kant set.
Myn famke seach op in kear by Piter Vries - dy wenne oan 'e Skûlenburchsterwei de kleden ticht foar de glêzen. It wie sa stil en sa deadsk allegear. Sy sei: "Dêr is hwat gebeurd." Twa dagen letter is der in famke fan Piter Vries troch in oanriding dea rekke. Doe kom se yn dyselde keamer to lizzen yn 'e kiste mei de kleden ticht, krekt sa't myn famke it...
Trapet men op in slak, dan bigjint it to tongerjen
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet." De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
Op Reahel wienen twa hellings. Ik roan ris by de skuorren lâns yn 'e nacht en doe gong it dêr tige op in timmerjen. Ik hearde dat dêr wol faker. Dan woarde dêr koart dêrnei wer in boat makke.
Ik wie boerefeint yn Tytsjerk. Ien kear wyks roan ik nei de jongelingsforiening yn Suwâld. Dat wie in ûre rinnen. Omt ik der oars net op tiid komme koe, iet ik fan to foaren mar ien stikje brea. As ik dan de jouns let wer thús kom, iet ik it oare op. Sa wie 'k wer us thús kom, ik siet to brochje-iten yn 'e tsjernherne. 't Wie op 'e Lytse Geast. Ik tochte:...