13 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Houtigehage
De wylde lantearnen dy't wy froeger boppe Boelensloane seagen wienen de foarboaden fan 'e lettere fleanmasines, sa fortelden se hjir.
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre. Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
Foardat de tram hjir lâns ried ha de lju fan tofoaren iderkear wol ljochtsjes riden sjoen. 't Wie foartiermerij. 't Wienen wylde lantearnen dy't almar forweegden.
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
Doe't ik noch by uzes thús yn 'e hûs wie hearden wy ris yn 'e nacht in hiele botte slach. Us hûs hie in hiel lyts bihyndich gonkje. 't Wie krekt as de slach dêr wei kom. "Hwat is dat?" sei heit. Wy hearden it allegearre. De houn blafte. Heit wie doe al net rjocht goed, mar hy gong der ôf om to sjen. Der wie neat. Heit gong wer op bêd. Heit woarde minder...
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
Boardzer Bruining is mei de helm geboaren. Hy sjocht de bigraffenissen foarút. As se by de geboarte de helm foaroer lûke, is it goed. Lûke se de helm omheech, dan sjogge se letter alles.
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. It wienen swevende, swermende ljochten, de foarboaden fan fytsljochten ensa.
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
Hja seinen froeger, dêr fleagen twa wylde lantearnen troch de lannen hinne. Dat wie de lettere tram.
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...