6 datasets found
Dutch Keywords: verandering Place of Narration: Sumar
Tsjoensters koenen har ek yn in houn foroarje. Dat mat ek ris sa west ha mei in frommes op 'e Sumarreheide. It wienen altyd froulju dy't tsjoenden.
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje, sizze se. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes. Dêr stutsen se mei nuddels yn. Dy't se yn 'e macht hienen, dy krigen dan pine.
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.