Om in flesse drank to krijen moesten jy hartenboer fuortstjûre. Ien goaide de kaert bûten. Even letter kaem der dan in flesse drank. Deselde dy't de kaert fuortgoaid hie mocht de flesse net oannimme. It earste romerfol waerd fuortsmiten oer 't linker skouder. "Dêr, duvel, dat is foar dy", seinen se dan.
't Gebeurde froeger wol gauris dat der krânsen yn 'e kessens sieten. Deselde dy't dêr slepte wie dan bitsjoend.
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
Houtigehage
Guon stjûrden froeger skoppenboer der op út om in flesse jenever. Der wienen ek guon, dy koenen soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy bigongen dan to marsjearen.
Houtigehage
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
Der wie in tsjoenster, dy koe fleane. Hja fleach
over bossen, over bomen,
over alle waterstromen.
Sa gong 't op Spanje yn nei de wynkelder.
Houtigehage
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean.
Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha."
Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar.
Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
Ik sei tsjin Jan Koe (= Jan de Meer): "Jou jirpels komme net op, Jan."
"Né," sei Jan, "se binne bitsjoend, ik ha se fan ien dy't tsjoene kin."
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei.
Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
Alde P. noege wol ris bern by har yn 'e hûs. Dan hie hja in toverstokje en liet dêr soldaetsjes mei út de hurddobbe komme. Der wiene ek altyd in pear tamboers by, dy op de tromme sloegen.
Fan mem J. en dochter L. waerd sein. dat se tsjoene koenen. De bruorren V., dy arbeidden by in boer yn Boppe Rottefalle, wienen op in moarn foar fjouweren ûnderweis nei de boer. Doe seagen hja J. en L. boppen de dauwe út troch de loft sweven. Har rokken swierden yn de rounte.