3,328 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Drachten
Op it Foarwurk spoeke it ek.
nl.verhalenbank.29301
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
nl.verhalenbank.24857
Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.
nl.verhalenbank.33334
Yn 'e Popkepoel yn 'e Boelensloane wie in draeikûle. As jy dêr yn kamen, draeiden jy ta de groun yn.
nl.verhalenbank.22880
Doekel seach ek spoken. Dy spoken kommen fan Earnewâld út wei, se farden yn in boatsje oer 't wetter. Hja en Marten Skeet stienen op in joun bûtendoar. Doe sei se: "Marten, mast ris even sjen." Mar hy seach neat. "Hwat is der dan?" frege er. "Se binne der wer", sei se. En doe wiisde se nei 't plak dêr't se de spoken seach. Doe krige Marten in brjit (in...
nl.verhalenbank.33627
Op 'e Houtigehage spûke froeger in hynder om.
nl.verhalenbank.25705
Tichte by de Dwarsfeart mat froeger in wyt froumins spûke ha.
nl.verhalenbank.36650
Boppe Bakkefean by de Mandewyk spoeke it ek. Dêr sloegen se de hiele joun tsjin 'e blokken, as men dêr lei mei 't skip.
nl.verhalenbank.29303
Op 'e Suderdwarsfeart wie it Boskpaedtsje, dat roan nei de Skieding ta. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan in frommes mei jok en amers.
nl.verhalenbank.27512
Ingbert Jelsma fan Oerterp fortelde, hy wie ris in kear oan 't fytsen, doe woarde er samar mei fyts en al opnom en even letter op 't selde plak wer delset. En der hie neat to sjen west.
nl.verhalenbank.33703
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
By 't Blauhûs wie jouns altyd hwat gerinkel yn 'e sleat.
nl.verhalenbank.23021
Us heit hat ris ien kear in spoek sjoen. Dat wie oan 'e Boskwei. Dêr spoeke it trouwens altyd tusken de diken. Hwat it west hat woarde er net gewaer, mar 't wie wyt en 't forweegde. Dan wie 't wer hwat greater, en dan wer lytser. Heit wie bang woarn. Hy hie de klompen ûnder 'e earms nom en hie roan sa hurd er koe.
nl.verhalenbank.35912
Heit fortelde dat yn 'e Tynje, dêr spoke in hynder mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.33630
Tusken Surhuzum en Harkema wie 't froeger allegear heide. Dêr roan in skeanpaed oer, dêr stie doe net in hûs oan. Jouns, nei healwei tolven spoeke dêr op dat skeanpaed altyd in mot mei tolve bichjes.
nl.verhalenbank.19620
Froeger woarde der by ús thús jouns altyd praet oer spûkjen en tsjoenen. Dan wienen wy deabinaud as bern. Wy wennen yn in spittene keet yn 'e Houtigehage. Dan doarst ik net út 'e hûs.
nl.verhalenbank.24589
Hindrikje Scholte roan us fan Drachten ôf nei Houtigehage. Doe sweefde der hyltyd in wite gedaente mei.
nl.verhalenbank.22887
To Hurdegaryp is in homeije, dy kinne se net ticht hâlde. Se ha dy hekke wol mei dikke kettings fêst makke, it joech neat. De oare moarns wie er wer iepen. Hy stiet noch altyd iepen. Dit komt, dêr mat in lykstaesje lâns. Der stie froeger in kastiel by: Bennemastate. In lykstaesje mei net stopje. Dêr mat alles foar út 'e wei. Dêrtroch giet dy homeije iepen.
nl.verhalenbank.35915
Yn 'e Boelensloane hienen jo de Spoekeloane, dy gong nei it Spoekeboskje ta. Dêr hienen jo soms nuvere lûden. It wie noait liker as brûsden der in pear koubeesten troch 't wetter hinne. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.27518
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
nl.verhalenbank.23638