48 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Drachten
Yn Grinzer Pein tsjinne in faem by de boer. Terpstra hiet dy boer. Dêr op dy plaets moest jouns alles sekuer opburgen wurde. Dienen se dat net, dan gong it dêr bot oan wei yn 'e nacht. De wein moest opburgen wurde yn 't weinhok. Lieten se him op 'e telle stean, dan rolle er nachts al mar hinne en wer. En de flaeijen sloegen yn 'e nacht en al sokke dingen...
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
Ik en in maet fan my - Jan Numan - wienen us yn 'e Mesken oan 't streupen. Wy wienen noch jong. Ik sei tsjin Jan: "Sjoch ris hwat dêr oankomt." 't Gong by de wâl op, dan wer omleech, dan wer omheech. 't Wie in great ding. 't Gong de reed út nei de singel. Dêr daelde it. It bleau stean. 't Joech ljocht, krekt as in lampe. Doe't wy der by kommen wie der neat.
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar. Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje." Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef. Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
Oan diz' kant Hurdegaryp stiet in villa. By dy villa wie in homeije, dêr stienen de hekken altyd fan iepen. As se de hekken ticht dienen, dan gongen se fansels wer iepen. Sy woenen wol biweare, dat dêr ien bigroeven lei.
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
By de grouwe beam yn 'e Harkema spoeke froeger in juffer.
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud. Syn frou lei by him. Dan sei er...
Jasper en Jinke fan 'e Boelensloane hienen sawn jonges. Ien fan dy sawn jonges moest nachts ta 't hûs út om hwat to sjen. Dat wie Gerke Veenstra.
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy. 't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
Hindrikje Scholte roan us fan Drachten ôf nei Houtigehage. Doe sweefde der hyltyd in wite gedaente mei.
Yn 'e Boerestreek to Koartehimmen roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
Mem har âlden wennen to Bakkefean yn 'e Lange Jammer. Yn 'e tiid dat mem in famke wie gebeurde it faek let op 'e joun of yn 'e nacht, dat der turven fan 'e souder smiten woarden nei ûnderen ta. Gongen se der hinne om to sjen, dan wie der neat to rêdden. Pake sei dan: "Dêr komme de turven wer nei ûnderen ta." It gebeurde ek wol, dat der hielendal net iens...
Op 'e Dwarsfeart, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
De Sytsma's reed roan ek fan 'e N. Dwarsfeart nei de hoofdwei ta. Dêr siet ek in bocht yn. En by dy bocht woarden de minsken keard. Hwat it wie wist net ien. It gong foar de lju lâns, sadat se net fierder koenen. Dan ynienen gong it omheech en sweefde oer de beammen hinne. Dan wie 't fuort.