16 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Buitenpost
Oan 't reedtsje achter de marechaussé-kaserne to Bûtenpost spûket in fôlle mei in brijpot, is 't sizzen altyd.
To Eastemar op en by 't tsjerkhôf spoeke it altyd. Der wie in man dy woe dat net leauwe. Twa boerejonges tochten: wy sille dy man ris bang meitsje, dan leaut er it wòl. Doe gongen se op 'e tiid dat dy man dêr altyd lâns kom boven elkoar op 'e planke stean, dy't oer de sleat lei. Se hienen in wyt lekken omslein. De man bleau stean en sei: "Twa ha 'k wolris...
Tusken Surhuzum en Stiensgea is in pypke, tichte by de Grifformearde tsjerke. By dat pypke spoeke it altyd. Froeger hat him dêr ien ophong. Dêr komt it fan.
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wjerskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
To Hurdegaryp de hekke, dy't fansels iepen giet.
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage." Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre lizze allegear plankjes tusken de stikken lân. Dêr doogde it lang net. Dêr koe eins net ien lâns gean of hy bileefde hwat. Dêr spoeke in frommes, dat moest frij paed ha.
Op in kear hie 'k nei Surhuzum ta west mei de tinte. Ik ried de jouns mei de hounekarre wer nei hûs ta. Ik wie op 'e Nije Wei yn 'e Harkema sahwat oan 'e reed fan Tsearde Jouk ta. Doe woenen de hounen ynienen net mear lûke. Sy bleauwen stokstiif stean. Ik wie omtrint thús. Ik moest noch twa hoeken om. Ik ha de karre sels fierder lutsen. Doe't ik thús kom...
Men seit fan hounen dy't brune plakjes boven de egen ha, dat it spûkgûlers binne. Sokken ha eins twa pear egen. Mei it iene pear sjogge se dingen dy't de minsken gewoanlik net sjogge.
Har âlden wennen yn Kollumerpomp. Sy hienen wol gauris arbeiders en feinten, dy't spoekforhalen fortelden. Sa sei der ris ien: Oan 'e Oosterboereweg ûnder Kollum stie it Godhûs. Dat wie in arbeidershúske. Dêr stienen in hynstepoat en in bokkepoat. Kaem dêr ien om alve ûre yn 'e joun lâns, dan waerd der in stim heard dy't sei: "Ho, niet verder." Dat wie de...
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wearskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Yn 'e Folgeren wie in hekke, dêr stie nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals by.
Marten Wagenaar en Hindrik de Graaf fan Eastemar gongen der us togearre op in nacht op út mei de bijewein. Soks moest altyd yn 'e nacht gebeure, hwant de oerdeis swermen de bijen út. Sy kommen op 'e Swarte Wei. Doe't se al hast op 'e ein fan dy wei wienen, komt dêr ynienen in sniewite sjeas oanriden mei in sniewyt hynder der foar. De beide mannen wurde...