Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
Us mem gong noch wol gau us to praten nei de Burgumer Nijstêd, dêr't har âlden kwekerije hienen.
Foardat se wer thús wie, hearden wy ús mem har fuotten al yn 'e gong slepen, en op it matsje ôffeijen.
Dan seinen wy: "Dêr is mem ek wer." Mar dan wie 't sa net. In skoft letter kom se earst werom.
Myn pake en dy oan memme kant wienen Bosgra's. Hja hienen kwekerije en siedhandel. Dat sied waerd altyd waegen op skealjes en yn pûden oerdien. Dan gongen de reizgers der mei op stap dy't it ûnderweis forkochten. Lammert Kromkamp moest it sied altyd wage. Mem en har suster wienen doe noch bern, mar dy hearden faek fantofoaren hwat der gebeure soe. Mem...