Myn broer Brucht siet by syn frou yn 'e hûs. Se wennen doe noch oan 'e Bethlehemsreed, hjir flak by. 't Wie noch ier yn 'e moarn. Doe sei er tsjin syn frou: "Hjir komme aenst mannen mei glêdde petten op. 't Lykje wol plysjes." Dyselde moarns, om healwei tsienen stie it hûs fan achteren yn 'e brân. Doe kommen de brandspuitmannen delsetten. Dat wienen de...
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Wie der in man of frou, dêr't er in hekel oan hie, en dy seach er op 'e wei, dan bigoun er gau yn in boek to lêzen en dan liet er dy minsken neaken stean. Dan foelen har de klean ôf. As er syn nocht hie lêsde er datselde wer achterút, dus dan lêsde er achterstofoaren. Dan koenen se de klean wer oanlûke.
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Even letter wie dêr ien fordronken.
Boelenslaan
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien en doe himsels fan kant makke.
Der spatte bloed op 'e bêdsté-doarren en der kaem bloed op 'e flier. Dat bloed ha se noait wer út it hout weikrije kind. Dat kaem omdat it moardners-bloed wie, waerd der sein.
Boelenslaan
Fan it fiskje Timpertee Jan en Tryn wennen ûnder in âlde pispot. Hja hienen it neat to rûm. Jan giet nei de fiver ta en fangt in fiskje. Sjesa, tinkt er, dat is in goede brieder. Mar it fiskje bigjint to praten en seit: "Ik bin it fiskje Timpertee. Astû my wer yn it wetter smytste, meist' trije winsken dwaen." Jan smyt it fiskje yn 'e fiver en giet nei...
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?" Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen." It holp wol. Sy is better woarn. Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof. Dy...
Myn neef Germ Postma (^) fortelde, dat it wie ris gebeurd, dat der in man foar straf yn in djippe kûle smiten woarn wie. Mar yn dy kûle sieten allegearre ierdmantsjes. Doe gongen dy ierdmantsjes allegearre boven op elkoar stean en sa foarmen se in trap. Dêr klom dy man by op. Mar doe't er omtrint boven wie, rôp it ûnderste ierdmantsje: "Laat hem donderen!...
Us mem fortelde, har heit kom ris in kear fan Doezum om sa werom nei Koarnherne (= Kornhorn) ta to gean, dêr't er wenne. By de Doezumer tsjerke gong er skean oer 't tsjerkhôf hinne. Dêr kom hwat neist him. 't Wie net ljocht mear, dat hy koe net goed sjen hwat it wie. It bleau hyltyd achter him, op 't lêst wied er thús. Doe hie der ien roppen. Hy seach,...
Der wie in pastoar, dy kloppe let op 'e joun by minsken oan. Hy woe graech in sliepplak ha foar de nacht. De man sei: "Dat treft net. Wy ha mar ien bêd, en dêr sliep ik mei 't wiif op." Mar, hy koe dy pastoar dêr ek net stean litte yn 'e nacht, dat hy sei: "As it net oars kin, dan matte jo mar tusken ús yn lizze." Dat wie dy pastoar wol goed. Mar dy man...
Boelenslaan
Jan Gutman fan Surhústerfean mat ek ôfgryslike sterk west ha. It gebeurde dat der in busfol ierappels weisakke yn 'e bou, ergens op 'e klaei.
Doe sette Jan de rêch der ûnder en tilde de auto sa op - doe koenen se wer fierderride.
Op in joun hie 'k nei de faem ta west. 't Wie donker. 't Wie yn 'e hjerst sahwat mei Drachtster merke. 'k Wie op 'e Klontsjebuorrren yn 'e Harkema, sahwat op healwei.
Dêr hearde ik flak by my ynienen in lûd, krekt as wie 't in wynpûster en dan folle sterker. En 't wie dochs blêdstil waer.
Ik koe neat ûnderskiede.
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen.
Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
Der wie in man ûnderweis en der wie ek in frou ûnderweis. De man hie in teefke by him, de frou in hountsje. De man en de frou bleauwen by elkoar stean. It hountsje bleau ek stean, it slikke it teefke om'e kont hinne. De man en de frou seagen it en de man sei tsjin 'e frou: "Sa moesten wy èk nochris." Doe sei de frou: "Dat kin wol. Dan matte jo mar op in...
Egbert Hoekstra fan 'e Boelensloane kom us op in joun fan Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs de bocht om gong, de kant nei Boelensloane út, roan der hwat by him; dan wie 't wer achter him, dan wer njonken him. Hy koe net sjen hwat it wie, mar it doogde net. Hy woarde bang. It swit briek him fan alle kanten út. Op 't lêst sette er sokken. Alhiel achter...
Boelenslaan
Yn Mearum (= Marum Gr.) wenne in man dy bileefde ek altyd nuvere dingen. Tominsten neffens syn sizzen. Hy hiet fan Leffert Boonstra en wie koopman. Hy ried mei de hounekarre nei Grins. "Op in kear," sei er, "hie 'k safolle handel, dat ik moest alles opstapelje op 'e karre, de iene kiste op 'e oare. Hinnen en kninen en biggen en neam mar op. It wie in...
Jan Hepkes fortelde: "Ik gong nei 't bûtlân ta om to meanen. Ik tochte: ik mat der mar in moai hoekje ôf meane. Ik meande mar ta. Op it lêst kom ik by de wâl, en dêr heakke it hwat, ja net in bytsje, mar goed ek, mar ik skuorde troch. Op 't lêst tocht ik: Ik mat ek mar ris harje - Hwant de seine woarde stomper. Ik nei de wâl ta en sykje om myn harspit....
"Op in kear," fortelde Jan Hepkes, "wie 'k nei 't bûtlân ta to meanen. Ik farde mei de boat en dy hie hwat fortraging, dêrtroch kom ik hwat let by de boer oan." "Kom Wouda," sei de boer, "binne jo dêr al?" "Jonge-ja", sei Jan. "Nou," sei de boer, "earst mar even yn 'e hûs, net, en hwat ite." Jan sei: "Né, boer, 'k mat earst even bigjin meitsje." "Ik gong...
