Tsjoensters foroaren har yn katten. Dy hâldden forgaderingen en psalmsongen dêr by. Joech men sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
Tsjoensters foroarje har yn in kat.
As de tsjoenster it hûs forliet, liet se faek in pânse achter. Dat wie algemien bikend.
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend. Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
In omke fan my wenne yn in kroech. Hy hie in jonge, dy rekke siik. Doe ha se syn kessen iepenskuord en dêr kaem fan alles út. Der siet in keizertou yn, dêr't se de muorre mei mjitte en in sinaesappelskyl, ja fan alles. De duvelbander hienen se der by helle. Dy frege: "Komt hjir wolris ien, dy't net fortroud is?" "Ja, stammerige Harm", sei omke. "Dan is...
De Westereen
Der wie in feint, dy siet op in snein-to-joun by syn faem. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, moest dy feint der even út. Doe't hy der wer ynkaem, wie de faem fuort. Der lei in pânse op 'e stoel, dêr't hja op sitten hie. Doe wist er dat syn faem in tsjoenster wie. Dit gebeurde yn 'e Westerein.
Soms joegen se in kat in skop, dan hie de tsjoenster even letter in seare skonk. Dan roun se kreupel.
Under 'e hekke fan 't lân, dêr't hynders yn roannen, hienen se froeger duveldrek lizzen. Se wienen bang dat der forkearde lju yn 't lân komme koenen dy't de hynders bitsjoene woenen.
Ik wie in famke, doe gong ik mei ús beppe nei in forgadering. Doe't wy weromkamen, seagen wy op in heidefjild in keppel katten. Dy wienen moai oan 't sjongen. "Dat binne tsjoensters," sei beppe, "dy hâlde dêr in forgadering."
Sokke katten dat tsjoensters wienen, koenen jy allinne mar reitsje mei in sulveren kûgel.
Katten (tsjoensters) hâldden nou en dan forgaderingen. Dan songen se psalmen.
De bern droegen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals op it boarst en hienen 't ek wol yn 'e bûse om feilich to wêzen foar tsjoensters.
Om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen leinen wy duveldrek ûnder 'e drompel, ek wol foar de drompel. Dan koe de tsjoenster der net ynkomme.
De bern droegen faek duveldrek op it boarst, yn in lapke binaeid oan in eintsje tou. Dan koe de tsjoenster har neat dwaen.
Foar tsjoensters dienen se duveldrek ûnder 'e drompels. Wie der ien bitsjoend dan gongen se nei Wopke om in drankje.
In tsjoenster foroare har samar yn in swarte kat.
De katten forgaderen soms. Dêr psalmsongen se by.
As wy as bern nei Piters Willemke, de tsjoenster ta moesten, seinen wy fantofoaren gau even trije kear achterelkoar: "Né, âlde duvel, krijst my net!"
Se leinen hjir froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel, as se bang wienen foar tsjoenderij. It hiet dat de tsjoenster dan net oer de drompel komme koe.
Njonken ús wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Hja wist dat sels wol. Mar wy leauden der net oan. Se seinen dat se de bern bitsjoende en krânsen yn 'e kessens tsjoene koe. Hja ried op in biezemstôk troch de loft en koe har foroarje yn in kat. Wie der ien bitsjoend, dan reizgen se nei de duvelbander ta. Dat wie almeast Sierd Schaafsma fan...
De Westereen
In nachtmerje hat ien kear nei my ta sild. Ik wie doe noch in jonge. Ik lei op bêd, 't wie nacht. 't Wie in man op in hynder, dy't lyk op my ta kaem. Ik wie deabinaud, mar koe net roppe.
Yn Sweagerbosk wenne in tsjoenster. 't Wie in âld minske, hwat miswoechsen. Hja roun altyd itselde paed del fan 'e Suderstasjonswei nei de Sweagerbosk. Dat wie doe yn myn jongestiid noch in sânpaed. As wy út skoalle kamen en wy moesten har foarby, dan setten wy altyd mei de klomp in krús oer 't paed. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr kin se net oer komme." Hja...
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, dan forgaderen se soms. Dan raesden se sa bot, dat men it wit hoe fier hearre koe. Dêr wienen Minne Ael en Minne Brecht ek altyd by.
De Westereen