Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...