9 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: Kollumerzwaag
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei Wopke duvelbanner ta, dy't in drankje rémakke. Se moesten de krânsen út it kessen nimme en dy forbrânne. It gebeurde wol gauris dat se dan meiiens mar it hiele bêd forbrânden. Alles moest dan ticht wêze, der mochten gjin iepeningen yn it hûs wêze. Se tochten dan dat se de kweade geasten forbrânden.
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
In Dokkum het in dokter woond, die had een kiend, dat was ziek. Hy gaf it kiend gud, maar hij kon 't niet genezen. Doe ging hy naar Joost Wiersma to Eestrum. Hy ging der yn 'e nacht heen, hij wou 't niet foor anderen weten. Joost het it kiend genezen.
Wie der froeger in bern bitsjoend dan gong men nei de duvelbanner fan Kûkherne. Dy joech in drankje. It kessen, dêr't it bern op lei, waerd iepensnien en de krânsen der úthelle. Dy woarden forbrând. Wienen der al trije krânsen klear, dan koe 't bern net wer better.
Ik hie trije bargen, dy rekken siik. As se op it iten tafleagen, krigen se in set. It wie dúdlik, dat se bitsjoend wienen. Doe ik nei Úlke Duvelbander ta. Dy die duveldrek ûnder 'e trôch, mei brea der by. Hwant brea is heilich, hè? Ek kaem der in fleske mei duveldrekswetter yn 'e tine, dêr't de bargen út dronken. Doe dienen wy 't hok fêst. Net ien koe doe...
Op in moarn bitiid - al jierren lyn - wie der in man fan 'e Westerein, dy't yn 'e Klonjes wenne, alhiel fan 'e wize. "Myn bern is bitsjoend!" rôp er, "myn bern is bitsjoend!" Trije krânsen hienen se by 't bern yn 't kessen foun. Doe is er nei Jonge Jan tagien, de duvelbander fan it Wytfean. Dy hat him guod mei jown en it bern is yn leven bleaun.
Yn 'e Koaten wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Har man wie o sa skruten foar har, hwant sy seach mar even ien oan of dyselde wie bitsjoend. Sokken woarden dan siik en ûngedien en dan moest der in duvelbander oan to pas komme. Ut 'e Koaten wei gongen se wol faek nei Sied Harmens fan Feanwâlden, ek wol nei ien fan it Wytfean. (Jonge Jan?)