25 datasets found
Dutch Keywords: dood Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Surhuisterveen
Op in kear, sa fortelde Jan Hepkes, doe brocht ik kunstdong, dat ik mei de boat komme litten hie, nei Jil Dyk, in greate boer yn Grinzer Pein. Dat wie doe de earste kunstdong. Och, och, hwat wie dat raer guod! Ik hie in nije learen jas oan doe't ik dat guod droech, mar dy jas hie dêr sa bot fan to lijen, dat it wie letter in temze. De arbeiders dy't dy...
Surhuisterveen
In Surhuisterveen was vroeger een brug. Zo nu en dan sprongen er zwartekatten van leuning naar leuning. Dat was heel gevaarlijk. Wie het trof, dat hij of zij juist op dat moment over de brug moest, liep de kans, dat ze het met de dood moesten bekopen. Er waren dan ook wel jongens, die de brug meden, als ze laat van hun meisje kwamen en liever een omweg...
It wienen meastal bern dy't bitsjoend woarden. De bern woarden syklik en dan seinen de lju: it sil wol bitsjoend wêze. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Yn Boelensloane wenne ien, mar sy gongen ek wol nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle. Dan krigen se in drankje mei en der woarde har rie jown. Fremden mochten it drankje net sjen. De tsjoensters makken...
Der leefde ris in man, dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie in jonkje en in famke en dy hienen it o sa min by har styfmem. Op in kear doe kommen se út skoalle werom. Doe stjûrde de mem harren der op út mei in kantsje om oalje to heljen. It wie in hiel ein rinnen en hja moesten om ûnderskate hekken hinne knoffelje. Hinne wie dat net sa slim, mar op 'e...
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
Oan 'e Mûzegroppewei is alris in moard gebeurd. Sytse Batema hat syn dochter de hals útsnien. De bloedplakken komme altyd wer as men prebearret se út to wiskjen.
In reus en in jonge, dy hâldden in wedstriid hwa't it measte ite koe. Sy gongen beide oan 'e tafel sitten, dêr't in ûnbidige panne fol rizenbrij op stie. Mar de jonge hie stikum in greate sek foar boun, en as er in leppelfol rizenbrij by de mûle brochte, liet er it tomûk yn 'e sek falle. De reus koe dat net sjen, omdat er sa great wie. De reus iet om 't...
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
Klaes Kooistra yn 'e Harkema stapte mei in ploechje oar jongfolk út 'e Harkema de wei del. Doe sei er ynienen: "Even oan kant, der komt hwat oan." Doe kom der in lykstaesje foarby. Klaes wie de iennige dy't it seach.
Ik molle froeger gauris. 'k Wie op in kear fan hûs, ik siet yn 'e buert fan Almelo. Dy deis hie 'k gjin sin oan moljen. It wie krekt as drukte my hwat. Der kommen in pear eksters by my, dy skatteren hyltyd om my hinne. De jouns krige ik in tillegram. Myn heit wie slim siik, ik moest thúskomme. De eksters wienen de boaden.
It is sahwat in hûndert jier lyn, doe gong myn pake nei de Grinzer klaei ta to sichtsjen. Hja roannen oer Visvliet en moesten it tsjerkhôf foarby, dêr't it altyd spûke. Pake Klaes wie nergens bang foar en lake om spûkerij. Mar de measte oaren doarsten dêr net lâns. Doe wienen der guon fan syn maten, dy seinen: "Wy sille Klaes us in kear to pakken ha. Wy...
Fan 'e frijmitselers mat der om 'e sawn jier ien dea. Der wurdt om lotte hwa't dat is. Men kin der noait wer by wei. As men der persé wer by wei wol, dan mat men in hiele protte jild jaen.
As der ergens in moart gebeurt, krijt men de bloedplakken der noait wer út.
Ik haw us op bisite west. Werom passearde ik it tsjerkhôf fan 'e Boelensloane. 't Wie al hast nacht. Doe spriek der ien fan it tsjerkhôf ta my: "Hier zal uw rustplaats zijn, maar ach, wasnneer?" Dat hat ien fan 'e deaden west, dy't dat sei. Doe moesten wy letter noch nei Limburch ta. Mar wy bin hjir letter wol wer kom."
Frijmetselers helpe elkoar altyd. As se trije kear holpen ha, en 't jowt noch neat, dan wurdt sa'n ien formoarde. Hja jowe noait de hiele hân, mar altyd twa fingers.
Mem fortelde, der hienen trije man yn in boatsje sitten op 'e mar. 't Wie bot bigong to tongerjen, en de loft stie as de sé. De middelste fan 'e trije wie in spotter. Dy sei: "Hwat soe 't my wêze, sa'n tongerbuike. Skytmerakels! De tonger, dy wol m_ dòch net ha!" Hy hie 't net sein of hy wie deaslein. Spotters krije spotterslean.
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren. Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed. Ik sei: "Och, wol...
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
As eksters om 'e doar hinne skatterje, dan komt der yn dat hûs in deaden.