55 datasets found
Dutch Keywords: dominee Place of Narration: Drachten
Ergens wenne in doomny dy wie nochal hwat opskepperich. Op in kear, doe wie 't op in ringforgadering, dat er sei tsjin syn kollega's: Nou sil ik de oare kear sa preekje, dat de iene helte fan it folk laket en tagelyk de oare helte gûlt. Dat woenen dy oare doomny's net leauwe. Dat bistie net, seinen se. Dat wie opskepperij. Sy stjûrden guon nei dy preek...
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie. Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út. De fisker krige byt en helle op. Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
Der wie us in doomny dy koe omraek preekje. Mar hy mocht de dingen graech hwat forgreatsje en dêr koe de gemeente min oer. Op in kear hâldde de tsjerkerie dêr in forgadering oer. Hwa fan har wie sa moedich om it doomny ûnder 't eech to bringen dat er de saek forgreate? Sy sieten oant let op 'e joun byelkoar, mar der wie net ien dy't doarst. Doe kom de...
Yn Sumar stie in sekere doomny Biersteker. Op in snein wie 't sa kâld, dat hy fleach fan 'e preekstoel om de jekker op to heljen, dy't yn 'e konsistoarje hong. En hy sei: "Hoe langer, hoe gekker, dominé Biersteker staat nu al in de jekker."
Doomny fan Es fan Boarnburgum hâldde der einen op nei. Dêr waerden him guon fan ûntstellen. Doe sei er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel: "Burgers en boeren van Boornbergum, ik zeg niet dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn eenden kwijt."
It wie yn 'e oarloch. Der wie in kastlein, dy hie in papegaei. Dy sei altyd: "Hitler is dood." In Dútse soldaet, dy hearde dat en woarde lulk. Hy sei it tsjin in Dútse ofsier en doe gong dy mei in opgestroken seil nei de herberch. Mar de kastlein hie al lont rûkt en wie gau mei syn papegaei nei doomny tagien en hie dy frege of er in skoftsje mei dy syn...
Der wie ris in doomny dy hâldde der in nuvere gewoante op nei. Hy sloech ûnder 't preekjen altyd mei de fûsten op 'e bibel. De jongerein siet altyd op 'e foarste bank. Dy tochten: "Dêr sille wy ris in grap mei ha." Doe nommen se in doaske punaises mei en dy stutsen se troch in blêd fan 'e kânselbibel hinne, sa dat de punten der bovenút stutsen. Doe't er...
Der wienen twa collega's predikanten. De iene hiet fan Barabbas. De oare syn namme wit ik sa net mear. Dy twa doomnys wennen yn itselde plak. Mar it harmoniearde net tusken dy beide hearen. De iene mocht de oare, om samar to sizzen, net sjen. De iene tocht: ik mat sjen dat ik hjir wei kom. Op in snein hâldde de iene syn preek de moarns, en de oare de...
Yn 'e Houtigehage wenne in húshâlding dy wie tige rûch. Dêr wisten se net fan fatsoen. De lytse jonge sei altyd, as er pisje moest: Mem ik mat mige! Op in kear soe doomny dêr op hûsbisyk komme. Dat wie fan tofoaren ôfpraet. Doe sei de mem tsjin 'e lytse jonge: "As doomny nou aenst komt en dû mast pisje dan mast net wer sizze: "Mem ik mat mige! Mar dan...
Yn Suwâld, dêr sieten in pear opsketten jonges to fiskjen. Doe kom doomny dêr lâns fytsen. Hy sei: "Kunnen jullie mij de weg naar Leeuwarden ook zeggen?" "Och, bliksem," sei de iene, "'k hie krekt byt." "Foei, foei," sei doomny, "zo kom je niet in de hemel!" Doe sei ien fan 'e jonges tsjin him: "Dû wytst de wei nei Ljouwert net iens. Hoe soest de wei nei...
't Wie yn 'e oarloch en in krappe tiid. Ergens stie in dûmny to preekjen. Mar de man hie in spraekgebrek. Ynpleats fan "Vrede, vrede, maar er is geen vrede", sei er: "Vrete, vrete, maar er is geen vrete."
Der wie in dûmny, dy hie in grouwe baerch yn 'e skoarstien hingjen. Achter de pasterije stie in âld hûs, dêr wenne in greate húshâlding yn. 't Wie dêr earmoede en de bern gongen faek mei honger op bêd. Doe ûnthelle op in nacht de heit fan dy bern dûmny dy bêste baerch. Dûmny hie wol formoedens hwa't it dien hie, mar hy koe neat biwize. Hy frege it âldste...
Der wie in doomny, dy hie de fremde gewoante dat er ûnder 'e preek sa nou en dan sei: "Als ik kom, dan kom ik haastiglijk." Dêr bidoelde er de Hillige Geast mei. Der wienen in pear boerejonges, dy seinen ûnder elkoar: "Dêr sille wy ris in grap mei bileve." Dy wyks gongen se hinne en sagen de preekstoel heal troch. De doomny stie de sneins dêroan wer op 'e...
In man en in frou hienen nei tsjerke ta west. Doomny hie preke oer Job en syn geduld. De preek hie gâns yndruk makke op de beide minsken en ûnderweis praetten se der nochris oer nei. Doe sei de man: "Dû matst hjir even op my wachtsje. Ik mat even út 'e broek." De frou wachte, mar doe hearde se ynienen in freeslik geflok en kettermintsjen achter 'e boskjes...
Der wie ris in doomny, dy frege in lytsfeint foar de tún. Hy foldie skoan, mar de doomny wist syn namme noch altyd net. Op in moarn kom er by de jonge. "Hoe hystû eins?" frege er. "Och doomny," sei er, "dat doar ik hast net to sizzen, hwant ik ha sa'n fize namme." Doomny sei: "Dat hindert hielendal neat. It sil wol in bibelske namme wêze." "Dan sil ik it...
Der wie in jonge doomny, dy soe foar 't earst preekje. Dêr seach er nochal hwat tsjin oan. De doomny dy't ôfskie naem, sei: "Jonge, dû hoechst net bang to wêzen. Ik sil dy wol in bytsje helpe. Der sit achter yn 'e katheder in gatsje en ast it nou mei dyn wurden net foar elkoar krije kinste, dan help ik dy wol. Dan praet ik foar dat gatsje krekt as in...
Der wie ris in doomny, dy kaem by in boer op hûsbisyk. Dy boer plichte froeger in trouwe tsjerkegonger west to hawwen, mar de lêste tiden kaem er noait mear yn 'e tsjerke. Doomny sei tsjin him: "Jo matte ek ris wer nei tsjerke ta. Hoe sit it eins. Bidde jim noch wol by iten?" "Né," sei de boer, "dat ha wy al yn jierren net mear dien en wy kinne 't ek net...
De doomny fan Boornburgum hie einen, mar der woarden him altomets guon ûntstellen, dat op it lêst hâldde er mar in pear oer. Doe gong er op in snein-to-moarn op 'e preekstoel stean en sei: "Mensen uit Boornbergum en Kortehemmen, ik zeg niet dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn eendjes kwijt."
To Boarnburgum hat in doomny stien, dy hâldde der einen op nei. Mar dy einen waerden him de iene nei de oare ûntstellen. Hy hie yn 'e rekken hwa 't it dien hie. Op in snein-to-moarn doe't er op 'e preekstoel stie, sei er: "Gij mensen van Boornbergum, die gij zijt, ik zeg niet, dat gij dieven zijt, maar ik raak al mijn eenden kwijt."
Der sieten trije doomnys byinoar yn deselde coupé yn 'e trein. Underweis op in stasjon komme der trije dames ynstappen, by har yn 'e coupé. Doe sei ien fan dy dames: "Dag, collega's." Ien fan 'e doomnys sei: "Collega's? Of zijn jullie misschien ook predikanten?" "Né," sei dat minske, "maar wij verdienen onze kost ook met lullen."