3 datasets found
Dutch Keywords: dier Place of Narration: Kollumerzwaag
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
Der rint in paedtsje fan Sweagerfean nei de Triemen ta, dêr roan by nacht altyd in fôlle mei in houten kop.
To Eastemar wienen twa manlju oan it murdzjen. "Hark," sei de iene tsjin 'e oare, "dêr sjonge froulju." Hja dêr hinne, mar doe siet der in keppel katten yn 'e beam, dy't songen, krekt as wienen it froulju. It wienen echte sankjes, dy't se songen. De manlju setten it hurd op in rinnen.