Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Bilt wennen twa hiele bêste froulju. Dat wienen Anna en Jacoba. Dêrom ha se twa doarpen nei dy froulju neamd: Sint Anna Parochie en Sint Jacoba-Parochie. Se neamden dy froulju wol faek: onze lieve Vrouwen. En dêrom ha se it trêdde plak neamd Onze Lieve Vrouwenparochie.
nl.verhalenbank.20628
Myn broer Sippe Harkema wie skipper. Myn skoansuster hearde twa dagen fan tofoaren it klappen.
Dan sei hja: "It skip is yn oantocht." It kaem altyd út. Twa dagen letter wie hy der.
nl.verhalenbank.20617
Heit en in kammeraet fan him rounen ris op in kear op 'e buorren. Hja wienen midden op 'e dyk. Doe sei dy kammeraet tsjin ús heit: "Kom gau oan kant."
"Hwat wolstû", frege heit.
Mar hy helle heit nei de kant ta.
In skoftsje letter sei er: "Kom hjir nou mar wer." En doe gyngen se wer nei de midden ta.
Heit sei: "Hwat wie der nou?"
"In bigraffenis", sei er....
nl.verhalenbank.20613
Rinse de Valk syn frou wie yn forwachting, dy forwachte in lytsen. Op in kear gong er it gongkje troch en soe nei de keamer ta. Doe't er yn 'e doar stie, seach er dat guon in kiste swaeiden yn 'e keamer.
In deimannich letter stoar syn frou mei de bifalling tagelyk mei it berntsje.
Doe seach er dat de buorlju de kiste yn 'e keamer swaeiden. It wie krekt...
nl.verhalenbank.20609
Der wienen in boer en in frou, dy wennen yn Winaem. Mar hja hienen earder wenne yn Easterbierrum en dêr kaem de frou ek wei. Yn Winaem kaem de frou to forstjerren. Hja hie tsjin har man sein, hja bigearde yn Easterbierrum biïerdige to wurden. Mar de man hâldde him dêr net oan. Doe't se stoar, kaem se yn Winaem op it hôf. Hy hie syn bilofte brutsen.
Doe...
nl.verhalenbank.20634
Yn Sint Anne wenne in âld-wyfke, dat wie ek mei de helm geboaren. Hja sei us in kear tsjin ien dy't midden op 'e dyk stie: "Tinus, je motte an kant gaan, want der komt in roustoet an met twee swarte peerden. 't Ene peerd begint te stegeren, der komt aenst een wit peerd bij feur."
In dei of fjouwer letter gebeurde it. Der roannen earst twa swarte hynders...
nl.verhalenbank.20622
Hjir skeef tsjinoer hat in pleats stien. Dêr wenne Anders Reitsma op, dy is letter nei Froubuorren gong.
1 augustus 1895 is dy pleats ôfbarnd. It waerd yn oktober fjouwer jier. Der wie heabroei, de arbeiders hienen oan 't headollen west.
Ik wit noch dat heit thúskaem en sei: "Reitsma syn pleats stiet yn 'e brân.
Hein v.d. Burg wurke by Anders Reitsma. Hy...
nl.verhalenbank.20624
Jierren en jierren lyn fluchte der ien mei it skip fan Staveren nei Inkhuzen. Dyselde hie frouljusklean oan.
Oan 'e kaei yn Inkhuzen stie in herberchje. Dêr gong dyselde sitten.
De man by de tapkast tocht: "Ik wit net of dit wol in frou is. Hy praette al is mei dyselde, mar hy fortroude it net. Doe helle er in protsje apels op.
"Ek in apel?" frege er. De...
nl.verhalenbank.20619