Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger seinen se, die men in hoekturf yn 'e kachel, dan kaem der ûnforwachts bisite.
nl.verhalenbank.20614
Yn 'e Bilt wennen twa hiele bêste froulju. Dat wienen Anna en Jacoba. Dêrom ha se twa doarpen nei dy froulju neamd: Sint Anna Parochie en Sint Jacoba-Parochie. Se neamden dy froulju wol faek: onze lieve Vrouwen. En dêrom ha se it trêdde plak neamd Onze Lieve Vrouwenparochie.
nl.verhalenbank.20628
't Wie yn 'e tachtich-jierrige oarloch.
Greate Pier wie to Kimswerd oan 't ploegjen.
Doe kamen der in pear Spanjaerden oan en dy fregen him: "Witte jo ek hwer't greate Pier wennet?"
Hwant dy Spanjaerden woenen him sjen to fangen, mar hja koenen him net.
Doe naem greate Pier de ploege yn 'e iene hân en sei: "Dêr wennet er." En mei de oare hân wiisde er op...
nl.verhalenbank.20629
As it stekje klapte, kaem der ek ûnforwacht bisite.
nl.verhalenbank.20615
Ik wie sahwat tweintich jier. Wy wennen in eintsje bûten it doarp. Ik moast om thús to kommen in reedtsje del, foar hokken lâns, dêr't se wol yn braekten. Op in joun kaem ik thús. Doe't ik oan ien fan 'e braekhokken ta wie, hearde ik in plof yn it wetter dêr achter.
In pear dagen letter is op krekt datselde plak in buorman fan ús - Jil - dêr de moarns om...
nl.verhalenbank.20603
Myn broer Sippe Harkema wie skipper. Myn skoansuster hearde twa dagen fan tofoaren it klappen.
Dan sei hja: "It skip is yn oantocht." It kaem altyd út. Twa dagen letter wie hy der.
nl.verhalenbank.20617
Wy hienen it by mem en dy thús o sa krap. Fleis seagen wy hast noait op 'e tafel. Mar soms, in inkelde kear, dan sei ien fan uzes: "It rûkt hjir nei in braedtsje."
Dan koe men der mar fêst fan op oan dat der koarte tiid dêrnei fleis op 'e tafel kaem. Dat kaem altyd út.
nl.verhalenbank.20616
As de sémearmin yn 't farwetter kaem wie dat in min teken. Dêr hienen de skippers it net op stean.
nl.verhalenbank.20606
Dyselde man wurke yn in ploech yn 'e Mieden.
Op in dei wie Anne Gryt (Bylsma) har heit fordronken. Dy wurke yn in oare ploech.
De man mei de helm wie de hiele middei ûnrêstich.
Sy seinen tsjin him: "Hwat is der, man?" Mar hy woe it net sizze.
De jouns nei seizen kaem de hiele ploech de buorren ynrinnen.
Fan 'e oare kant kaem èk in ploechje fan it wurk....
nl.verhalenbank.20612
Heit en in kammeraet fan him rounen ris op in kear op 'e buorren. Hja wienen midden op 'e dyk. Doe sei dy kammeraet tsjin ús heit: "Kom gau oan kant."
"Hwat wolstû", frege heit.
Mar hy helle heit nei de kant ta.
In skoftsje letter sei er: "Kom hjir nou mar wer." En doe gyngen se wer nei de midden ta.
Heit sei: "Hwat wie der nou?"
"In bigraffenis", sei er....
nl.verhalenbank.20613
'Harkemastate' hat in stins west. Dy stie oan 'e Alddyk op 'e 'Kampioen'. De Roarda's ha der froeger op wenne yn 'e tiid fan 'e Krústochten.
Ien fan dy Roarda's is mei de krúsfarders meigien nei 't Hillige lân. Hy sei: "Ik kom werom. As ik net libben werom kom, dan kom ik dea werom."
Mar de measten kamen net werom, en dy Roarda sneuvele ek. Mar de holle...
nl.verhalenbank.20607
Ien fan ús jonges hat soldaet yn Ynje west. Hja hienen in majoor, dy koe de jonges omraek negerje. Mar der wie in fint by har, dat wie in sekere Bambergen. As dy sei: "'t Moat út wêze" dan hâldde de majoor him stil.
As de majoor "acht!" sei, liet er de majoor mei de mûle iepen stean en dan koe dy majoor him net forwege, of Bambergen moest it earst wolle.
nl.verhalenbank.20639
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren.
Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze.
Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait.
De twadde deis die er itselde wer.
De trêdde deis...
nl.verhalenbank.20611
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd.
Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol.
Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
To Tsjummearum wennen in broer en in suster.
Har mem wie to bakerjen op in pôlle tichte by de sédyk. Togearre gongen de broer en de suster op in joune let dy kant út om har mem op to heljen. Sy moasten oer de feart. Dêr lei in heechhout oerhinne. Sa kamen se op in sintelpaed.
Dêr kaem in wite kat by har. Dy roun har hyltyd om 'e fuotten hinne. It dier wie...
nl.verhalenbank.20604
Us mem plichte tsjin ús to sizzen doe 't wy noch bern wienen: "Yn 't donker moatte jim altyd de eagen ticht dwaen. Oars kinne jim sjen hwat jim leaver net sjogge."
nl.verhalenbank.20610
Ymke de Jong koe de minsken stiif stean litte.
nl.verhalenbank.20638
It skearmes, dêr't in deaden mei skeard is, kin net wer brûkt wurde. Dat is neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.20642
Us mem sei froeger wol, as de klok lette: "Hè hwat liet dy klok wer mâl. Wy ha gau wer in deaden."
nl.verhalenbank.20643
Münchhausen kaem ris mei syn hynder yn in doarp. 't Wie winter en der lei snie. Omdat it hast nacht wie gong Münchhausen yn in dikke tekken lizzen op 'e snie en syn hynder boun er fêst oan in izeren krús.
Mar de oare moarns doe't er wekker waerd, lei Münchhausen op 'e groun en syn hynder bingele boppe oan it krús op 'e tsjerketoer.
Der hie in hiele protte...
nl.verhalenbank.20640