Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Villa Nova oan diz kant Ljouwert is een great hek. As se dat jouns ticht dienen wie it de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27220
De earste winters fan ús trouwen wennen wy yn Drachtster Kompenije. It wie noait liker as wienen dêr nachts altyd hynders yn 'e skuorre. 't Wie in helsk lawaei. Sahwat om tsien ûre bigong it.
De boel wie dêr forsward en forflokt. De minsken dy't dêr earder wenne hienen, hienen dêr freeslik raer leefd.
Op in kear bin ik der hinnegong op in joune om tsien...
nl.verhalenbank.27221
By de Master Reitsma-wei yn 'e Harkema is in poel. Op 'e pôllen yn dy poel, dêr spûket it.
nl.verhalenbank.36799
Op it Langpaed tusken Harkema en Surhuzum rolle altyd in lekken om. Dat spûke dêr. Dat wie ornearre foar in man dy't net in deadslekken mei krigen hie yn 't graef.
nl.verhalenbank.37097
Saekje-moai-mei-de-kape spûke hjir yn 'e lânnen. Sy gong nei 't djip ta en dan by de wâl lâns.
Oan 'e súdkant fan 't djip hâldde se ta.
nl.verhalenbank.25308
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie.
Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs.
Doe...
nl.verhalenbank.32714
Age Bruining fan Kollum hat my ris forteld: Yn Kollum wie in frou stoarn. De man bleau as widner allinne achter. In wike of seis letter yn 'e nacht woarde er wekker fan gestommel. Hy tocht: dêr is hwat.
Doe stie syn frou by de tafel. Doe hat er har nei bûten ta brocht en doe wie hja fuort gien.
Dizze minsken wennen yn 'e kloanjes to Kollum.
nl.verhalenbank.36361
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn.
Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Yn 't Wêst fan Stiensgea spoeke jouns altyd in grouwe reabonte houn. Dy roan flak by de minsken lâns. Mar hy die har neat.
nl.verhalenbank.23755
Myn buorman hie us west to jounpraten. Hy wie sa'n fyftich jier âld. Hy stapte de wei del. En doe kom er op in plak dêr wie in gloppe yn 'e wâl. Dêr groeide gjin beammeguod.
Doe kom dêr hwat út dy gloppe wei - it wie in gestalte en hie in gesicht. Sahwat as dat fan in frommes, fortelde buorman letter.
Dy gestalte kom op him ta. Dy kom al tichter en...
nl.verhalenbank.21974
Us mem fortelde, der hie ris in sterfgefal yn Stiensgea west. De man wie allinne oerbleaun. Elke joun, om in ûre of acht hinne, kaem der ien by him yn 'e hûs by de leider del.
Dat koe dy man op 't lêst net langer úthâlde en hy helle dûmny der by. Dy seach doe deselde skime, dy't by de leider del kom. Doe sei dûmny: "Als gij van God zijt, kom bij mij, zo...
nl.verhalenbank.32713
Tsjerk Kooistra kaem wolris by ús âlden to jounpraten, en dan hied er it in bulte oer spoekjen.
Hy fortelde op in kear, hy soe ris op in joun to praten. Hy moast troch in hekke hinne. Doe stie dêr in âld minske by dy hekke. Hy seach fuort wol dat it net doogde, mar hy sei tsjin har: "Hwa mat der earst troch: ik of jo?"
Mei't er dat sein hie wie se...
nl.verhalenbank.37086
Myn broer en Aen de Haen wienen kameraten. Op in nacht, doe't der in dikke laech snie lei, by 't winter, om healwei tolven hinne, seagen se ris, dat der in man oanstappen kom. Doe't er hast oan har ta wie woard er samar ynienen wei. Doe't se it neiseagen, wie der net in inkel spoar fan oer yn 'e snie.
Dit gebeurde by 't Stiennen Pypke tusken Stiensgea en...
nl.verhalenbank.12548
Spoeken binne skiters, se komme altyd by nacht.
nl.verhalenbank.12545
Doe't Boele Ytsma dea gong, doe sei er tsjin syn buorman:
"Ik gean fuort, mar oer fjouwer wiken kom ik wer."
"Dan moast by my oankomme", sei syn buorman.
Mar hy woe wol dat er dat net sein hie. Sûnt dy tiid wied er deabinaud. Mar Boele kom net wer.
nl.verhalenbank.32722
By Wopke Reitsma, de Loane út wei kom ek in spoek, dat mei de earms oer de hekke leune. Dat spoek die neat. In soad minsken hat it dêr sjoen.
nl.verhalenbank.12544
Us pake wenne yn de Ham. Hy soe ris nei Stiensgea ta to jounpraten. Hy roan oer Readskuorre, dêr't er oer de houtsjes soe. Doe kom dêr in jongfrommes oan dat him foarby sweefde. Pake sei: "Goejoun." Sy sei neat. Pake seach ûnder har troch. Mar hy wie net bang.
nl.verhalenbank.12546
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein.
Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren...
nl.verhalenbank.32720
Op 'e Bovenlannen achter de Bosk yn Stiensgea wenne Úlke Bouius. Dêr sweefden de geesten fan 'e forstoarnen om 'e hûs hinne. Se wienen by de doar en kipen yn 'e rútsjes. Dat wienen de geesten fan minsken dy't net goed bihandele woarn wienen. Dy koenen de rêst net fine en kommen sadwaende nei har dea by har eigen famyljeleden en spoeken dêr om.
nl.verhalenbank.22731
Sjouk, in dochter fan Abram Kats, spoeke nei har dea. Ate kom har tsjin. "Morgen", sei Ate. Syn broer sei: "Hwat bipraetstû dêr? Der is ommers net ien."
"Sjochstû dan neat? 't Is Sjouk."
Sy sweefde fuort.
De broer seach it net.
nl.verhalenbank.12547