Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
292 datasets found
Place of Narration: Augustinusga
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is ris ien formoarde woarn. De bloedplakken oan 'e muorre en op 'e doar wienen der letter noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.27219
Yn Drachtster Kompenije stiet in boereplaets, dy wurdt altyd noch troch de minsken 'Skrale jammer' neamd. Hy stiet oan 'e trêdde wyk yn 'e Kompenije. 't Is de plaets fan âlde Hindrik Pool. It wie sa: Doe't de spanten fan it dak op 'e muorren sieten kom de maeijebeam der bovenop. Dan wie 't fêste gewoante dat se op balkebier traktearren. Dat wie foar 't...
nl.verhalenbank.27225
Hearke hat ûnder tsjinst west. Dêr hied er in hekel oan. De oare soldaten pleagen him wolris hwat. Mar Hearke wie troch-goed, dy die meastal neat werom. Mar op in kear doe wied er op in skip fan 'e marine. Doe wienen de soldaten ûnder yn dat skip. Der lei in anker fan fjirtsjinhûndert poun op dat skip, dat lei Hearke op 'e roef, doe koenen dy soldaten der...
nl.verhalenbank.27635
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten. De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen. Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen...
nl.verhalenbank.27806
Myn heit en mem wienen ris in kear to jounpraten nei Surhuzum, dêr't in muoike fan my wenne. It wie al let doe't se weromkamen. Hja roannen by de fyts lâns, hwant hja mochten graech kuijerje en 't wie moai helder ljochtmoannewaer. Doe seagen se allebeide Everdien der oan kommen, dat wie de dochter fan 'e doomny. Doe't hja omtrint oan har ta wie, waerd se...
nl.verhalenbank.37397
Beppe fortelde: Myn susterke wie as bern al us in kear bitsjoend. Doe gong heit nei Hinse Jehannes de Boer ta. 't Wie jountiid. Hy joech drank mei. Heit sei tsjin him: "Ik leau net dat jo dêr hwat oan dwaen kinne." Mar dat hied er net sizze matten. Hinse Jehannes sei: "Jo matte goed oppasse, dat jo mei de drank thúskomme. Der kinne ûnderweis miskien...
nl.verhalenbank.23645
Trije bruorren: Bouwe, Gerke en Frederik stiften elk in kleaster: Bouwe-kleaster, Gerkeskleaster en Feankleaster.
nl.verhalenbank.23651
Der wie us in man, dy soe nei sterke Hearke ta. Doe seach er ien dy wie op 't lân oan 't ploegjen. Hy der hinne. Sy hienen froeger fan dy ploechjes mei ien sturt der oan. De man sei tsjin deselde dy't oan 't ploegjen wie: "Soenen jo my ek sizze kinne, hwer't Sterke Hearke wennet?" Dy't oan 't ploegjen wie, dat wie sterke Hearke sels. "Jawol", sei Hearke....
nl.verhalenbank.23862
Hearke wie wol tige sterk, mar hy wie der net linich neffens. Us pake en dy wienen us oan 't ûngetiidzjen op in hoekje greid mei har trijen. Dêr njonken wienen fiif man oan 't wurk, dêr wie Sterke Hearke ek by. Dat wie folle lytser stikje lân. Mar pake en dy hiene gâns earder klear west.
nl.verhalenbank.23863
"Sjoch, dêr sit de poepesinne ek wer." Dit wie de moanne. Dit seinen se, omdat de poepen by ljochtmoanne meanden.
nl.verhalenbank.23650
Yn Stiensgea gong men nei de duvelbander, fan 't Swartfean, Hinse Jehannes de Boer, as der ien bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.23644
Yn Surhuzum seagen se froeger op in plak in wylde lantearne. Letter kom der op datselde plak in buorkerij to stean.
nl.verhalenbank.27807
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Ymke de Jong wie in wûnderminske. Dy is op sawn plakken tagelyk ta de stêd útgong. Dat fortelde Petrus Kloosterman.
nl.verhalenbank.37427
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha. Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden. Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se...
nl.verhalenbank.27224
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
Rudolf de Mepsche fan 't Faan wie lid fan 'e Hoofdmannenkamer yn Grins. Dy mannen hienen in protte rjochten. Sy koenen sels ek guon foroardiele. Rudolf de Mepsche makke misbrûk fan syn rjochten. Hy hie allerhande folk by him op 'e stâl oan 't ketting. Dy stumpers kommen dêr fan 'e ellinde heal om. Op in kear doe kom der in skuonmakker by him. Dy hie him...
nl.verhalenbank.27226
As in houn spûkgûlde miende men dat der yn 'e buert mei gauwens in sterfgefal wêze soe. Dêr't de houn mei de kop hinne seach, dêr soe it sterfgefal wêze. Dêr loerde er hinne.
nl.verhalenbank.34528
Us heite heit fortelde: Yn 'e Harkema wennen se froeger yn spitketen. Dat wienen húskes, meast fan seadden, mei lege weechjes. De muorre fan 'e lege weech wie fan seadden en it tek fan strie. Op in kear doe slepten der froulju ûnder 'e lege weech yn ien fan dy keten op 'e heide. In keppeltsje feinten woe nei dy froulju ta. Hearke kom se oer 't mad. Hy wie...
nl.verhalenbank.21858
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha." "Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
35