Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: opscheppen Place of Narration: Harkema
It is ris yn myn tiden gebeurd dat Sytse Jager hwat bileefd hat. 't Gebeurde op in snein-to-joun. Sytse wie in man fan swearen en swetsen; en flokke dat it raer wie. Op in joun wie er mei in ploechje jongfolk der op út, feinten sawol as fammen. 't Wie al hwat let. Se wienen by in heidefjildtsje, dêr wienen sângatten. Sytse sei: "As wie 't de duvel èk,...
nl.verhalenbank.33641
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel. Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei...
nl.verhalenbank.15875
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
Sytse Jager wie us tichte by de staetsskoalle. Dêr mat er bot flokt ha en spot. Hy sei doe, hy woe de duvel wol us sjen. Doe kom der in hiel lyts mantsje oan, dy smiet him boven oer de hagen hinne.
nl.verhalenbank.22269
Jan Hepkes fan Surhústerfean fortelde altyd, hy koe omraek meane. En hoe skerp hy de seine net altyd hie! Op in kear doe wied er op in stik lân oan 't meanen by in boer op 'e klaei. Doe sieten dêr trije harspitten yn 'e groun. Dêr meande Jan ien foar ien samar fan alle trije de koppen ôf. Sa'n bêste seine hied er, sei er, en sa goed koed er him skerpje!...
nl.verhalenbank.19992
Myn broer Roel wie sahwat twintich jier âld, it is nou sa'n fiif en sechstich jier lyn, doe kom er op in kear fan 't Fean ôf. Hy wie net oansketten dat hy hie alle positiven goed byinoar. Hy roan de nije wei del, dat wie doe in sânreed, hjir yn 'e Harkema. Doe woarde er samar ynienen opnom en wol twa trije ikkers fier fan 't paed wer delset. 't Wie wol...
nl.verhalenbank.26223
Wibe Alma siet yn 'e kroech op it Jachtfjild. Doe sei er: "Al hwat my aenst yn 'e mjitte komt, dat meitsje ik dea, al wie 't de duvel ek." Doe't er út 'e herberch kom, kom der in lyts swart hountsje by him. Dat smiet him op 'e harsens yn 'e toarnen. Mear dea as levend is er thúskom. Doe't er thús wie skodde it hiele hûs.
nl.verhalenbank.20958
Der wenne oan 'e Skeanpaden by de Ham in boer, dy hie in lytsfeint. Dy sei, dat er foar gjin duvel bang wie. De boer sei tsjin 'e greatfeint: "Wy sille him dat opskeppen ôfleare." Doe stjûrde er op in joun de lytsfeint nei de buorren ta om in boadskip. It wie tsjuster. It paed roan oer in houtsje. Tsjin 'e greatfeint sei er: "Gean dû nou nei it houtsje ta...
nl.verhalenbank.12480
35